Springe nei ynhâld

Bariton (ynstrumint)

Ut Wikipedy

De bariton of baritontuba is it lytsere broerke fan de eufoanium. Hy stiet stimd yn bes en hat in wat skerpere en hegere toan as de eufoanium, wylst er dochs sêft is. Meastentiids hat in bariton trije fentilen hoewol't der ek guon mei in fjirde fentyl binne. Yn in brassband spylje twa baritons, de earste en de twadde bariton. De earste bariton spilet no en dan solistyske meldijen of tsjinmeldijen en moat meast ek hegere noaten spylje. De twadde bariton is mear begeliedend en spilet gauris de legere noaten fan de baritonpartij.

Bariton
Bariton + euphonium

Ferskillen tusken eufoanium en bariton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bariton en de eufoanium lykje in soad op inoar mar binne dochs oars neffens klank en funksje. It ferskil sit him yn de foarm fan it ynstrumint: de bariton is silindrysk opboud wylst de eufoanium koanysk boud is mei ferwiidzjende beker. De stimbuis fan de bariton kin der yn beide rjochtings ynstutsen wurde, wylst dy fan de eufoanium der troch syn ferbreedzjende foarm mar yn ien rjochting ynpast.

De bariton stamt fan de hoarn ôf, wylst de euphonium fan de bastuba ôfstamt.