Springe nei ynhâld

Barbarijske liuw

Ut Wikipedy
Barbarijske liuw

In Barbarijske liuw yn Algerije yn 1893.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai loaihoarsen (Panthera)
soarte Liuw (Panthera leo)
ûndersoarte Panthera leo leo
populaasje
status: útstoarn yn it wyld
ferspriedingsgebiet
Histoaryske fersprieding fan de Barbarijske liuw.

De Barbarijske liuw is de oantsjutting fan 'e liuw, dy't eartiids yn it noarden fan Afrika libbe. De liuw waard dêrom ek wol Noardafrikaanske liuw, de Atlasliuw, de Berberliuw, de Nubyske liuw of de Egyptyske liuw neamd. De namme 'Barbarijske liuw' ferwiist nei de Barbarije, it lân fan 'e Berbers yn 'e Afrikaanske Magrebregio. Oant 2017 waard de Barbarijske liuw as in ûndersoarte fan 'e liuw behannele, mar sûnt dat jier binne de ûndersoarten fan 'e liuw nei twa werombrocht en wurdt de Barbarijske liuw by de nominaatfoarm Panthera leo leo yndield.

De liuw stoar yn 'e 20e iuw yn it wyld út troch iuwenlange jacht en biotoopferlies en der wurdt wurke oan in reyntroduksje fan 'e Barbarijske liuw yn it Atlasberchtme.

De Barbarijske liuw is neffens boarnen de grutste en meast yndrukwekkende fan alle liuwen. Barbarijske liuwen ûnderskiede harren fan oare liuwen fral troch de dikke, lange en donkere moannen fan it mantsje, dy't lykas by de Kaapske liuw de helte fan syn bealch yn beslach namen. In mantsje weecht 227 kg en is 3 m lang, wylst it wyfke wat lytser en bleker is.

Fersprieding en útstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lêste foto fan in wylde liuw yn it Atlasberchtme.

De Romeinen fongen al grutte oantallen liuwen út de natuer om se yn arena's mei oare bisten of gladiatoren fechtsje te litten of kristenen oan se te fuorjen. Julius Caesar hold sels wol hûnderten liuwen yn finzenkip. Lykas de Atlasbear libbe de liuw yn 'e semy-aride gebieten en yn 'e bosken, dy't ea it noarden fan Afrika fan Marokko oant Egypte oerdutsen. Mei it begjin fan 'e ferneatiging fan 'e bosken en de útwreiding fan 'e woastyn sûnt it begjin fan 'e jiertelling en de fûle jacht op 'e liuw ferdwûn it bist yn grutte dielen fan Noard-Afrika. Ut histoaryske boarnen docht bliken dat de Barbarijske liuw al oan it begjin fan 'e 18e iuw út it noardeasten fan Afrika ferdwûn wie en noch folle earder yn 'e Nyl-delling fan Egypte.

Yn it noardwesten fan Afrika hold de liuw it langer fol. Mei de fersprieding fan fjoerwapens waard der bot op 'e liuw jage, itjinge ek de útroeging fan 'e liuw yn dat gebiet feroarsake. Nei alle gedachten wiene de liuwen al yn 'e jierren 1830 oan 'e kust fan 'e Middellânske See en yn 'e buert fan delsettings fan minsken útroege. Healwei de 19e iuw wie de Noard-Afrikaanske liuwepopulaasje hiel hurd ôfnommen om 't der preemjes betelle waarden foar it ôfsjitten fan 'e liuwen. De lêste liuw fan Tuneezje waard tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw deasketten. Yn 1899 soene der noch liuwen yn it súdeasten en it súdwesten fan Algerije libbe ha. Oan it begjin fan'e 20e iuw wiene de Barbarijske liuwen al tige seldsum. Se waarden noch solitêr, yn pearkes of lytse groepkes, fral yn it easten fan 'e Mahreb waarnommen.

Yn 1942 waard by Tizi n'Tichka de alderlêste liuw fan it Marokkaanske Atlasberchtme deasketten. It kin wêze dat oant it begjin fan 'e jierren 1960 noch in hiele lytse populaasje efterbleau yn 'e meast efterút lizzende gebieten fan it berchtme. De lêste waarnimming fan in liuw yn Algerije wie yn 1956 yn it distrik Beni Ourtilane. Sûnt is de Barbarijske liuw yn it wyld útstoarn.

Barbarijse liuw yn finzenskip.

De Marokkaanske keningen holden altiten in grutte kolleksje Barbarijske liuwen, dy 't by de rjochtspraak brûkt waarden. Ien fan 'e ferneamste slachtoffers wie Bou Hmara, in opstanneling dy't himsels ta sultan útrôp en yn 1909 troch sultan Moulay Abd al-Hafid foar de liuwen smiten waard. Oan 'e Marokkaanske foarsten is it te tankjen dat der noch Barbarijske liuwen bestean. Hja holden Marokko út hannen fan 'e Ottomanen, dy't de liuw oan 'e ein fan 'e 19e iuw Lybje, Algerije en Tuneezje útroegen.[1]

De Marokkaanske foarsten skonken regelmjittich liuwen oan oare lannen. Yn in soad Europeeske dieretunen binne noch liuwen mei genen fan 'e Barbarijske liuw. Dêr wurdt fanút gien dat de measte liuwen yn 'e dieretunen út it noarden fan Afrika stamme. Ferskillende ûndersikers en dieretunen helpe by de ûntwikkeling fan in stamboek fan liuwen, dy't rjochtstreeks ôfstamme fan 'e liuwekolleksje fan 'e kening fan Marokko.

In grut tal dieretunen fokt mei de liuwen mei it doel om it bist yn 'e takomst wer út te setten yn it Atlasberchtme om sa de Barbarijske liuw foar de takomst te behâlden, wylst wittenskippers besykje út te finen yn hokker mjitte de Marokkaanske liuwen de Barbarijske liuwen fertsjintwurdigje en of de bisten ek krúst binne mei liuwen besuden de Sahara. Der wiene healwei 1990 al plannen om wer liuwen út te setten, mar it plan mislearre om 't net dúdlik wie hokker liuwen echte Barbarijske liuwen wiene en hokker liuwen krusingen mei oare liuwen wiene.

In oar obstakel foar de weryntroduksje fan it bist foarmet it biotoop, dat sûnt it ferdwinen fan de liuw grutte feroaringen hat meimakke troch minsklike aktiviteiten. Yn 2018 kundigen de Marokkaanske autoriteiten oan om in nasjonaal park fan goed 2700 km² yn te rjochtsjen foar de weryntroduksje fan 'e Barbarijske liuw, it grutste beskerme natoergebiet fan Noard-Afrika.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: