Springe nei ynhâld

Barbara van Beukering

Ut Wikipedy
Barbara van Beukering

Barbara van Beukering (Drachten, 1966) is in Fryske sjoernaliste.

Van Beukering folge nei it heljen fan har gymnasiumdiploma de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert (1985-1989). Dêrnei wurke se by de TROS-telefyzje as ferslachjouster fan TROS Kieskeurig en TROS Aktua Geld. Nei twa jier stapte se oer nei de AVRO, wêr't se ferslachjouster/presintatrise waard fan it jongereinprogramma Pauze TV. Nei twa seizoenen presintearre se twa jier lang voor dyselde omrop it filmprogramma Preview, tegearre mei Hugo Metsers. Dêrnei wurke se in oantal jierren efter de skermen as einredakteur fan ferskate programma’s foar ûnder oare RTL5, Veronica en Teleac.

Yn 1997 makke Van Beukering de oerstap nei tydskriften. Se waard efterinoar haadredakteur fan Babymagazine (1997), AvantGarde (1998-1999), Blvd. (1999-2002) en it Volkskrant magazine (2002-2007)

Yn febrewaris 2007 presintearre Van Beukering it jûnfoljende NPS-programma Handboek voor de moderne vrouw. Op 1 septimber 2007 waard Barbara van Beukering haadredakteur fan Het Parool. Yn 2015 sette se útein mei PAPER, in digitaal nijsmagazine dat alle dagen ferskynt. Ein 2016 naam Blendle PAPER oer fan de Persgroep Nederland.

Barbara is troud mei Thomas Deelen (eartiids reklameman) en hat in styfsoan Jasper en trije dochters: Ruby, Laura en Milou.

Yn 2017 skreau Van Beukering Kruip nooit achter een geranium, in syktocht nei in lang en lokkich libben. It boek ferskynde yn febrewaris 2018.[1]

Ein febrewaris 2020 ferskynde har boek Je kunt het maar éénmaal doen. Een persoonlijke zoektocht naar sterven, het grootste taboe in ons leven. útjefte Spectrum.[2]

Yn de maitiid fan 2023 kaam Het jaar waarin ik mijn haar verloor út. Dat boek giet oer har "rampjier" 2020 mei aaklike foarfallen yn famylje - en kunderûnte, koronapandemy, de maatregelen dy't dêr út fuortkamen en it hommels foarfallen fan alopecia, hierútfal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: