Springe nei ynhâld

Bamboegoars

Ut Wikipedy
bamboegoars

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza variabilis
Temminck, 1836
IUCN-status:

De bamboegoars (Emberiza variabilis) is in Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

De bamboegoars is in frij grutte (14–17 sm), ienkleurige en blaugrize goars sûnder wyt oan 'e sturt. It mantsje is karakteristyk, foar it meastepart blaugriis, mei swarte streken op 'e mantel en swarte wjukfearren mei brede blaugrize rânen oan 'e binnenste earmpinnen en wjukdekfearren.

It wyfke is donker griisbrún, mei in dúdlike koptekening: griisbrune earfearkes dy't oan 'e ûnderkant begrinzge wurde troch in swarte snorstreek, in bleekgrize streek ûnder de snor en in donkerbrune streek oan 'e sydkant fan 'e kiel. De ûnderkant is, krekt as de boppekant, frij sterk streke, mar de boppe-sturt is sûnder streken en rustbrún, wat by it fleanen goed te sjen is.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte briedt yn noardeastlik Aazje, fan Kamtsjatka, Sachalin en de Koerilen oant Japan. Winterdeis komt er sa fier nei it suden foar as de Rjûkjû-eilannen. De soarte wurdt behannele as monotypysk of ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Emberiza variabilis variabilis – Sachalin en de Koerilen, en noardlik en sintraal Japan
  • Emberiza variabilis musica – sintraal Kamtsjatka

De soarte is as dwaalgast waarnommen yn Sina en de Feriene Steaten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien fan 'e bamboegoars.

De bamboegoars komt foar yn mingde bosken en nullebosken op middelgrutte hichten, mei in ûnderbegroeiïng en strûken dy't út dwerchbamboe besteane. De soarte libbet leafst yn skaadrike gebieten, dêr't er skruten op 'e grûn nei lytse wringeleaze dieren en sied siket, en ek nei lytse fruchten en beien. De fûgel begjint yn juny te brieden, mei in hichtepunt yn july. De soarte is in trekfûgel. Yn it oerwinteringsgebiet wurdt er oantroffen yn skaadrike boskgebieten en parken.

De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat op yn ferskate lytsere skaaien. De bamboegoars wurdt dan tegearre mei bygelyks de reidmosk (Emberiza schoeniclus) en boskgoars (Emberiza rustica) yn it skaai Schoeniclus pleatst.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is, en nei alle gedachten hat er gjin lêst fan substansjele bedrigingen. Op grûn fan dizze kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as lokaal frij algemien.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: