Springe nei ynhâld

Balyprotter

Ut Wikipedy
Balyprotter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiBalyprotters (Leucopsar)
Stresemann, 1912
soarte
Leucopsar rothschildi
Stresemann, 1912
IUCN-status: krityk

De Balyprotter (Leucopsar rothschildi) is in fûgel út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). It is de iennige soarte yn it skaai Leucopsar.

Spantsje yn it Nasjonaal Park Bali Barat.

De Balyprotter is in middelgrutte fûgel fan likernôch 25 lang. De fearren binne meast sniewyt, mar hy hat in swarte einbân op 'e sturt en swarte punten oan 'e haadslachpinnen fan 'e wjukken. De keale hûd om it each is blau en de eagen binne donkerbrún. Hy hat fierder in blaugrize snaffel mei in giele punt. Op 'e kop hat de fûgel lange fearren, dy't it mantsje by de balts opset. De poatsjes binne griis. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.

De soarte libbe op it stuit fan syn ûntdekking yn 1911 allinnich yn in likernôch 50 km lange stripe oan 'e kust yn it noardwesten fan it eilân Baly, Yndoneezje. It is bêst mooglik dat de wylde populaasje nea mear as 900 fûgels telt hat. Yn 'e jierren 1970 bestie dy populaasje noch heechút út 200 fûgels, dy't allegear yn it gebiet fan it hjoeddeiske Nasjonale Park West-Baly (Bali Barat) foarkamen. Yn dy tiid waard it ferbean om de fûgel te fangen of te ferkeapjen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e Balyprotter bestiet út mychammels, termiten, rûpen en ek fruchten en sied.

Oer it brieden is net in hiel soad bekend. De briedtiid leit yn oktober en novimber. Fan 'e fûgels yn finzenskip is it bekend dat mantsjes agressyf op soartegenoaten reägearje. Yn Amerikaanske dieretunen briede pearkes tusken maaie en juny en se lizze yn 'e regel trije oant fjouwer aaien. Nêsten wurde yn spjochtholtes, rotsholtes of nêstkasten boud mei strie, tûkjes, gers en fearkes.

De ferneatiging fan it bosk op Baly en de yllegale hannel yn 'e fûgels brocht de soarte op 'e râne fan útstjerren. Foar rike Aziaten wie de fûgel as kouwefûgel tige populêr, yn 1999 waard der grif 2000 USD foar in fûgel op 'e swarte merk betelle. Troch korrupsje en min bestjoer wisten wapene kriminelen sels fûgels út hannen fan organisaasjes te stellen en fierder te ferhanneljen.

Balyprotters yn 'e dieretún fan Hongkong.

Yn 1988 waard ta it behâld fan 'e soarte troch de Zoo Wuppertal it inisjatyf foar in fokprogramma ûntwikkele en yn 1993 folge de stifting fan in offisjeel fokprogramma troch de European Association of Zoos and Aquaria, dy't de fok fan 'e fûgels yn dieretunen of partikulier besit koördinearret. Hoefolle fûgels der njonken bekend organisaasjes lykas dieretunen yn finzenskip binne, is fanwegen de yllegale hannel dreech fêst te stellen.

Yn 2001 telde BirdLife noch 6 wylde fûgels. By in ekspedysje yn it beskerme Nasjonale Park West-Baly waarden nei it frijlitten fan fûgels yn maart 2004 24 Balyprotters teld. Yn 2008 waard oannommen dat de populaasje dêr út likernôch 50 fûgels bestie. Yn 2022 waard der útgien fan in wylde populaasje fan 300 oant 450 fûgels.[1]

Op Nusa Penida, in eilân foar de súdeastlike kust fan Baly, waarden yn 2006 37 fûgels út de fok loslitten. It eilân hat in drûger klimaat as Baly en it heart net ta it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e soarte, it wie dus ek net wis of dat projekt slagje soe. De Balyprotters pasten harren lykwols oan en setten útein te brieden yn 'e toppen fan palm- en figebeammen, wylst se op Baly yn holtes briede. Op Nusa Penida libje yntusken goed hûndert wylde Balyprotters (2022).

Alhoewol't BirdLife International noch in konservative rûzing fan in totale populaasje fan minder as 50 fûgels oanhâldt (2025), is de sitewaasje hjoed-de-dei in stik ferbettere. De fûgel wurdt op 'e Reade list as krityk (CR, 2021) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: