Balistrjitte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bali, Balistrjitte loftsboppe
Sicht op de Balistrjitte fan Java ôf

De Balistrjitte is in seestrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Bali. It wetter is de grins tusken de Yndonezyske provinsjes East-Java en Bali en de ferbining tusken de Yndyske Oseaan en de Balisee yn it noarden. De Strjitte Bali is frijwat ûndjip en op it smelste plak 3 kilometer breed.

Der is in fearferbining fan Ketapang of Banyuwangi op Java nei Gilimanuk op Bali.