Baleärenmok
| Baleärenmok | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Puffinus mauretanicus | ||||||||||||
| Lowe, 1920 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De Baleärenmok (Puffinus mauretanicus) is in seefûgel út de famylje fan 'e mokfûgels (Procellariidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Baleärenmok wurdt tusken 34 en 39 sm lang en de smelle en puntige wjukken ha in spanwiidte fan 78 oant 93 sm. In folwoeksen fûgel weaget tusken de 470 en 565 gram.
De boppedielen fan 'e Baleärenmok binne griisbrún oant brún. Under is de fûgel gielich wyt. De ûnderkant fan 'e wjukken is wytich mei brúneftige plakken en in donkere râne. Yn 'e flecht binne de donkere okselfearren faak goed te sjen.
De snaffel is smel, donkergriis oant swart. Lykas by oare mokfûgels sitte de noasgatten yn in soarte fan "buiske" boppe-op 'e snaffel. Syn poaten binne rôzich mei swarte puntsjes op 'e teannen. Opfallend is dat de poaten yn 'e flecht faak achter it sturtsje útstekke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Baleärenmok komt ferspraat oer de Middellânske See foar, fan 'e Baleären oant de Adriatyske See. Guon fûgels oerwinterje yn 'e eastlike Atlantyske Oseaan.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt yn hoalen en spjalten fan rotsen. In wyfke leit mar ien wyt aai yn 't jier. As dat aai ferlern giet, wurdt der dat jier gjin pyk mear grutbrocht. Om tefoarren te kommen dat de fûgel sels opfretten wurdt troch grutte fûgels, komme de baleärenmokken allinnich mar nachts nei harren nêst. Se meitsje dan in soad leven mei lûd, dat wat hat fan gûlen of rauwe gjalpen. It útbrieden fan it aai duorret goed 50 dagen en de âlden wikselje inoar dêrby ôf. Nei 't útkommen fan it aai bliuwt de pyk likernôch 90 oant 100 dagen yn 'e hoale.
Hy dûkt djip oant somtiden wol 35 meter nei fiskjes lykas ansjofisk en sardines. Nei it brieden wurdt de fûgel ek wolris foar de Nederlânske kust of yn 'e Noardsee waarnommen, benammen as der in westlike stoarm stiet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt earnstich bedrige yn syn bestean en wurdt troch de IUCN as krityk op 'e Reade list klassifisearre. De grutste bedriging foarmet de fiskerij. Baleärenmokken betiizgje gauris yn netten of fersûpe as se oan 'e heakken fan langelinen fêst komme te sitten as se ies besykje te pakken. Op 'e briedeilannen binne rotten, katten en marters yntrodusearre, dy't aaien, piken en bytiden sels folwoeksen fûgels opfrette. De fûgel briedt boppedat mar op in lyts oerflak en it dêrom kwetsber foar sykte of stoarm. Ek oaljefersmoarging op see en plestik ôffal foarmje in risiko. In kombinaasje fan dy faktoaren soargje foar in tebekgong fan 'e oantallen mei mei rûzings fan 7,4% it jier en dat betsjut dat de fûgel yn in pear desinnia tiid útstjert. It oantal briedpearen wurdt op in pear tûzen rûsd. Mei't de fûgel mar ien aai yn 't jier leit en it lang duorret foardat de fûgel briedt, is in rap werstel fan 'e soarte dreech. De fûgel wurdt beskerme, mar noch sûnder resultaat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Mokfûgel
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn de Middellânske See
- Lânseigen fauna yn de Noardsee
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan

