Balchsân
| Balchsân | ||
| Utsjoch oer Balchsân by de Amstelmar | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| koördinaten | 52° 56′ N, 4° 52′ E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 60 km² | |
| behear | Lânskip Noard-Hollân | |
| kaart | ||
It Balchsân (Nederlânsk: Balgzand) is in grutte sânplaat en natoergebiet yn 'e Waadsee tusken De Helder en Wieringen yn 'e Kop fan Noard-Hollân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet wie yn 'e iere midsiuwen part fan in grut feangebiet tusken Teksel en Wieringen. Nei't parten fan it fean oanmakke waarden begûn de grûn te sakjen. Dat late ta it hieltyd faker ûnder wetter kommen fan it gebiet. Nei grutte stoarmfloeden yn 'e 12e en 13e iuw ûntstiene de Waadsee en Sudersee nei't grutte hompen lân fuortslein waarden.
It natoergebiet is 6.000 bunder grut. By floed is de sânplaat ûnder wetter, mar by ebbe falt der in gebiet drûch dêr't tsientûzenen fûgels iten komme te sykjen. Tsjin de dyk oan lizze skoarren, plakken dy't almeast drûch bliuwe by floed. Dêr briede ferskate fûgelsoarten lykas kluten, wytstirnzen, fan alle soarten protters en ek leppelbekken. Winterdeis komme dêr in soad smjunten, rotgouzzen en oare wetterfûgels.
Yn 1923 waard der in nije seedyk op it Balchsân lein, de Balchsândyk, om it bedykjen fan it Koegras better beskermje te kinnen. Tagelyk waard yndyks it Balchsânkannaal groeven dy't de Amstelmar mei it Noardhollânsk Kanaal ferbûn.
De BBL-piiplieding fan 'e Bacton Balgzand Line Company is in piiplieding foar ierdgas, dy't Nederlân mei Bacton yn Ingelân ferbynt.