Springe nei ynhâld

Bairdgril

Ut Wikipedy
bairdgril
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris bairdii
Coues, 1861
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     wintergast


De bairdgril of Bairds gril (Calidris bairdii) is in fûgel yn it skaai grillen (Calidris) út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel is ferneamd nei de 19e-iuwske Amerikaanske biolooch Spencer Fullerton Baird.

Folwoeksen fûgels binne 14 oant 17 sm lang en ha swarte poarten en in smelle, tinne, donkere snaffel. De boppedielen binne donkerbrún mei ûnregelmjittige swarte plakken, wylst de ûnderkant meast wyt is. De sturt is donker en de stút is swart mei wite rânen. Op 'e kop en it boarst binne donkere streken te sjen op in ljochtbrune oant gielbrune eftergrûn. Der is in wyt kielplak en faak in wyt plak boppe de donkere team. Dat wite plak rint meastentiids oer yn in skiere, ljochte wynbraustreek. Yn it winterkleed binne de boppedielen ljochter griisbrún. Jonge fûgels ha in opfallende ljochtbêzje grûnkleur op 'e kop en it boarst, wylst de boppedielen griisbrún binne mei kontrastearjende wite fearpunten.

Yn it fjild is de soarte lestich te ûnderskieden fan oare lytse Calidris-soarten. Ien fan 'e ûnderskiedende skaaimerken is de lange wjukprojeksje (de ôfstân wermei't de wjukken foarby de sturtpunt stekke as de fûgel op 'e grûn stiet). Fan 'e lytsere Calidris-grillen hat er dat skaaimerk mienskipllik mei de Bonapartegril (C. fuscicollis); de lêste ûnderskiedt him fan 'e bairdgril troch in dúdlikere wite wynbraustreek, in grizer fearrekleed en in folslein wite stút.

De bairdgril briedt op 'e noardlike tûndra fan it uterste easten fan Sibearje oant West-Grienlân. It is in trekfûgel dy't yn Súd-Amearika oerwinteret. Yn Europa is de soarte in seldsume dwaalgast.

De bairdgril wurdt faak op drûge plakken mei lege fegetaasje sjoen en op strannen en seewierbanken. It nêst is in kûltsje dat fuort op 'e grûn útskrabbe is. De aaien, meastentiids fjouwer yn tal, binne ljocht griisbrún mei donkere, readbrune en ûnregelmjittige plakjes. Beide âlden briede tegearre de aaien út yn 19–22 dagen. Se sykje nei iten op dridzige strannen, dêr't se iten oppikke dat se mei it each lokalisearje. Se libje benammen fan ynsekten en lytse kreefteftigen.

Ofbylden

Status en bedrigings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 1,2 en 1,5 miljoen folwoeksen fûgels (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: