Springe nei ynhâld

Baikalstrûksjonger

Ut Wikipedy
Baikalstrûksjonger
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai strûksjongers (Locustella),
soarte
Locustella davidi
La Touche, 1923
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

De Baikalstrûksjonger (Locustella davidi, synonym: Bradypterus davidi) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e strûksjongers (Locustella). De fûgel is ferneamd nei Armand David, in misjonaris en natuerûndersiker yn Sina.

De fûgeltsjes briede fan it súdlike diel fan it Russyske Fiere Easten (ynklusyf de Baikalmarkrite) oant noardeastlik Sina en Noard-Koreä. De Baikalstrûksjonger is in wintergast fan it suden fan Sina oant noardlik Tailân.

De soarte briedt yn strewellen by iepen plakken en by streamkes fan taigabosken oant 1200 m hichte. Baikalstrûksjongers ha in grut ferspriedingsgebiet yn 'e taiga fan Sibearysk Ruslân en noardeastlik Sina en oerwinteret yn Yndosina. Yn syn briedgebiet en yn syn wintergebiet yn Birma, Laos en Tailân komt de Baikalstrûksjonger lokaal algemien foar.

De soarte bestiet út twa ûndersoarten:

  • L. d. davidi: súdeastlik Sibearje en noardeastlik Sina.
  • L. d. suschkini: it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje.

It is net bekend hoefolle fûgels der likernôch fan 'e soarte binne. De fûgel is ôfhinklik fan it boskbiotoop en tusken 2012 en 2022 is sa'n 8% fan it bosk yn it ferspriedingsgebiet ferdwûn. Dêrfandinne wurdt de ôfname fan 'e soarte op likernôch 1% oant 19% rûsd. Dochs wurdt der oannommen dat de soarte net direkt bedrige wurdt troch it ferlies fan biotoop.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: