Springe nei ynhâld

Bahia

Ut Wikipedy
Bahia
Dielsteat fan Brazylje
Lokaasje fan Bahia yn Brazylje.
Lokaasje fan Bahia yn Brazylje.
Symboalen
Bestjoer
regioNoardeast
haadplakSalvador
grutste stêdSalvador
gemeenten417
Sifers
ynwenners14.870.907 (2025)
oerflak (km²)564.733 km²
Oar
ôfkoarting (UF)BA
steat sûnt1889
ISO-koadeBR-BA
tiidsôneUTC−3
websidewww.ba.gov.br

Bahia is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat mei de standerôfkoarting BA hat in oerflak fan sa'n 564.733 km² en dêrmei is de steat 13,6 kear grutter as Nederlân. Bahia leit yn 'e regio Noardeast en grinzget yn it easten oan 'e Atlantyske Oseaan en fierder oan 'e steaten Espírito Santo yn it súdeasten, Minas Gerais yn it suden, Goiás en Tocantins yn it westen, Piauí yn it noardwesten, Pernambuco yn it noarden en Alagoas en Sergipe yn it noardeasten.

De haadstêd is Salvador. It ynwennertal fan Bahia makket likernôch 7% út fan 'e Braziljaanske befolking.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brazylje is in federale republyk dy't streekrjocht ferdield is yn steaten (estados), en de steaten binne op har beurt bestjoerlik ferdield yn gemeenten (municípios). Bahia hat yn totaal 417 gemeenten. Eltse gemeente hat in eigen keazen boargemaster (prefeito) en in gemeenteried (câmara de vereadores). Grutte gemeenten binne faak noch fierder ferdield yn distrikten foar lokaal bestjoer.

Geografy en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei in oerflak fan 564.733 km² is Bahia de op fjouwer nei grutste steat fan Brazylje. De steat leit yn it suden fan 'e regio Noardeast en hat mei mear as 1.100 kilometer de langste kustline fan alle Braziljaanske steaten oan 'e Atlantyske Oseaan.

Atlantysk Reinwâld

It lânskip lit in sterke ferskaat sjen en kin yn trije grutte geografyske sônes ferdield wurde:

  • De Kuststripe (Zona da Mata): in smelle, tropyske kuststripe dêr't ek it Atlantysk Reinwâld (Mata Atlântica) groeit, mei strannen, dunen, mangroves en koraalriffen.
  • It Ynlânsk Plato (Agreste en Sertão): in grut, heger lizzend plato mei de karakteristike drûge strûk- en savanne-fegetaasje dy't de Caatinga neamd wurdt. Yn it midden fan 'e steat leit it berchgebiet fan 'e Chapada Diamantina, in dwersketen fan 'e Espinhaço-bergen, mei toppen fan mear as 2.000 meter (dêr't de Pico do Barbado mei 2.033 meter de heechste berch fan is).
  • It Westen (Cerrado): In heechflakte mei in savanne-klimaat, in gebiet mei grutskalige, moderne lânbou.

In grut part fan it wetter yn 'e steat wurdt ôfwettere troch it streamgebiet fan 'e São Francisco, de wichtichste rivier fan Bahia en ien fan 'e grutste rivieren fan Súd-Amearika. De rivier streamt yn it suden by de grins mei Minas Gerais de steat binnen, meändert troch it drûge binnenlân nei it noarden en bûget nei it easten ôf, dêr't er op 'e grins tusken Sergipe en Alagoas yn 'e Oseaan útkomt. De rivier is te befarren en foarmet in fitale boarne foar drinkwetter en de irrigaasje fan lânbougebieten.

Sobradinho-dam

Yn 'e rivier leit de Sobradinhodaam. De opslachmar Reservatório de Sobradinho hat in oerflak fan mear as 4.200 km² en foarmet ien fan 'e grutste keunstmjittige marren fan 'e wrâld. It is in tige wichtige boarne foar sawol de opwekking fan elektrisiteit as it wetterbehear yn 'e steat.

Oare wichtige rivieren dy't streekrjocht nei de Atlantyske Oseaan streame binne de Paraguaçu, de Contas en de Jequitinhonha.

It klimaat fariearret fan tige fochtich-tropysk oan 'e kust oant ynlânsk semy-aride:

Befolkingsûntwikkeling fan Bahia (1872–2022)
Jier 1872189019001920194019501960
Ynwennertal 1.379.6161.919.8022.117.9563.334.4653.918.1124.834.5755.990.605
Groei —+39,2%+10,3%+57,4%+17,5%+23,4%+23,9%
Jier 197019801991200020102022
Ynwennertal 7.583.1409.597.39311.855.15713.085.76914.016.90614.141.626
Groei +26,6%+26,6%+23,5%+10,4%+7,1%+0,9%
De 20 grutste stêden fan Bahia (2017)
StêdYnwennersStêdYnwenners
Salvador Salvador da Bahia2.953.986Barreiras Barreiras157.638
Feira de Santana Feira de Santana627.447Alagoinhas Alagoinhas155.979
Vitória da Conquista Vitória da Conquista348.718Porto Seguro Porto Seguro149.324
Camaçari Camaçari296.893Simões Filho Simões Filho136.050
Juazeiro Juazeiro221.773Paulo Afonso Paulo Afonso120.706
Itabuna Itabuna221.046Eunápolis Eunápolis115.290
Lauro de Freitas Lauro de Freitas197.636Santo Antônio de Jesus Santo Antônio de Jesus103.342
Ilhéus Ilhéus176.341Valença Valença98.749
Jequié Jequié162.209Candeias Candeias89.707
Teixeira de Freitas Teixeira de Freitas161.960Guanambi Guanambi86.808
Boarne: (pt) IBGE - Rûzing ynwennertallen 2017
Sint-Fransiskustsjerke fan Salvador

Bahia stiet yn Brazylje bekend om syn rike kulturele en religieuze ferskaat. De steat is it histoaryske hert fan 'e Afro-Braziljaanske kultuer, wat soarget foar in sterke ferweving fan it roomsk-katolisisme mei Afrikaanske religieuze tradysjes (synkretisme). Yn 'e ûndersteande tabel stiet de religieuze ferdieling fan 'e befolking fan Bahia neffens de meast resinte offisjele folkstelling:[1]

Religieuze ferdieling yn Bahia (2010)
Religy / StromingYnwennertalOandiel (%)
Roomsk-katolisisme9.138.83265,2%
Protestantisme2.438.94117,4%
Gjin religy1.682.02812,0%
Spiritisme (Kardesisme)154.1851,1%
Afro-Braziljaanske religys (Candomblé / Umbanda)112.1350,8%
Oare religys / Unbekend490.7853,5%
Totaal14.016.906100,0%

Natuer en nasjonale parken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Chapada Diamantina

In grut part fan 'e natuer yn Bahia wurdt beskerme troch federale nasjonale parken (Parques Nacionais), dy't beheard wurde troch it Brazyljaanske miljeu-ynstitút ICMBio. Dizze parken fertsjintwurdigje in grut ferskaat oan ekosystemen, lykas it Atlantysk Reinwâld (Mata Atlântica), de drûge berchgebieten fan 'e Caatinga, en marine-ekosystemen foar de kust.

Nasjonale parken yn de steat Bahia
Nasjonaal ParkOprjochteOerflak (km²)Skaaimerken & Lânskip
Nasjonaal Park Chapada Diamantina19851.520Berchgebiet yn it binnenlân mei tafelbergen, wetterfallen, grotten en kleauwen.
Nasjonaal Park Marinho dos Abrolhos1983913It earste marine park fan Brazylje, ferneamd om syn koraalriffen en bultrêchwalfisken.
Nasjonaal Park Descobrimento1999226Beskermet it meast oarspronklike part fan it Atlantysk Reinwâld, dat sûnt de jierren 1950 foar it grutste part kapt is om plak te meitsjen foar produksjebosk mei eukalytusbeammen.
Nasjonaal Park de Monte Pascoal1961223Histoarysk gebiet mei de berch dy't yn 1500 as earste troch Portegeeske ferkenners sjoen waard.
Nasjonal Park do Pau Brasil1999190Oprjochte om de seldsume en beskermde brazylbeam (Paubrasilia echinata) te beskermjen.
Nasjonaal Park do Alto Cariri2010192Leit yn it suden fan 'e steat en beskermet in berchketen mei in hiele hege biodiversiteit.
Nasjonaal Park Grande Sertão Veredas19892.300Leit foar it grutste part yn Minas Gerais, mar rint foar in lyts part troch yn it westen fan Bahia.

De meast wichtige pylders fan 'e ekonomy binne yndustry en petrogemy, lânbou en feehâlderij, toerisme en tsjinstferliening en mynbou.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ IBGE (Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística): Censo Demográfico 2010 - Tabela 2094: População residente por cor ou raça e religião, Rio de Janeiro.

Flagge fan Brazylje Dielsteaten fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins
Federaal distrikt: Federaal Distrikt
· · Berjocht bewurkje