Springe nei ynhâld

Badia (Itaalje)

Ut Wikipedy
Badia
Tsjerke fan it Hillich Krús
Tsjerke fan it Hillich Krús
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
Regio Trentino-Súd-Tiroal
Provinsje Súd-Tiroal
Sifers
Ynwennertal 3.471 (2019)
Oerflak 82,94 km²
Befolkingsticht. 11,4 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 46° 36' N 11° 53' E
Offisjele webside
Side gemeente
Kaart
Badia (Itaalje)
Badia

Badia (mei de klam op 'e 'i'; Italjaansk: Badia, Dútsk: Abtei) is in plak en gemeente yn de Italjaanske provinsje Súd-Tiroal (regio Trentino-Súd-Tiroal). De gemeente telt 3.471 ynwenners (2019) en hat in oerflak fan 82,9 km².

Njonken Corvara, Mareo, San Martin de Tor en La Val is Badia ien fan de fiif gemeenten yn it Val Badia dêr't Ladynsk de mearderheidstaal is.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente bestiet út de folgjende fraktionen:

Ladynsk Italjaansk Dútsk Kaart Badia yn Súd-Tirol
La Ila La Villa Stern
San Ciascian San Cassiano Sankt Kassian
Badia Badia Abtei

Badia sels is te ferdielen yn San Linert (San Leonardo, Sankt Leonhard) en Pedraces (Pedraces, Pedratsches). San Linert leit westlik fan de Gran Ega-rivier, Pedraces eastlik dêrfan.

Neffens de folkstelling fan 2011 praat 94,07% fan de gemeente Ladynsk, 4,17% Italjaansk en 1,76% Dútsk.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tichteby it berteplak fan Jozef Freinademetz leit de Tsjerke fan it Hillich Krús oan de foet fan it Sas dla Crusc massyf. De tsjerke waard yn 1484 wijd. It oangrinzgjende refugio waard yn 1718 tafoege.

De oan Kassianus van Imola wijde parochytsjerke fan San Ciascian waard yn 1782 ynwijd. Tichteby is it lytse Museum Ladin Ursus ladinicus. It museum fertelt oer de Ladynske skiednis fan it gebiet. Utstald wurdt û.o. ek it bonkerak fan in hoalebeer, dy't sa'n 90.000 jier lyn yn de Iistiid yn it gebiet libbe.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Badia, Súd-Tiroal fan Wikimedia Commons.