Springe nei ynhâld

Babi Pangangrock

Ut Wikipedy
Babi Pangangrock
Aart Lus & Ed Lip op Aaipop 2009
Aart Lus & Ed Lip op Aaipop 2009
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Feanwâlden/Feanwâldsterwâl
bysûnderheden
soarte evenemint Frysktalich muzykfestival
sjenre rock

Babi Pangangrock wie in Frysk rockfestival dat sûnt 2008 alle jierren oan de ein fan de winter organisearre waard, earst yn Feanwâlden en letter yn Feanwâldsterwâl. [1] It festival waard organisearre troch poppoadium 'It Badhûs' yn gearwurking mei de bandleden fan Pilots út Feanwâlden.

Yn 2008 begûn it festival mei as doel om lokale bands de kans te jaan om poadiumûnderfining op te dwaan. Dêrneist wie it doel om wat foar de jongerein te organisearjen yn Feanwâlden. De ynspiraasje fan de namme wie de lokaasje fan de earste edysje, in Sineesk restaurant. [2]. It festival wie op 19 desimber 2008 mei Jarretank út De Harkema, de Grinslanner formaasje Long Way Down, The Pilots (letter Rekker), de Ljouwerter Dave Westerhoff Band en rapper MC Germ. [3].

Nei in koarte pauze waard it festival yn 21 jannewaris 2011 wer organisearre, dizze kear yn Feanwâldsterwâl. Optredende artysten wiene Newsense Memory, Jankobeus Seunnega, Rekker, Blackboxred en Barry Nice and the Nice Guys.

De edysje fan 2012 waard op 16 maart hâlden yn Feanwâldsterwâl. Optredende artysten wiene Newsense Memory, Emiel (fan De Hûnekop), Rekker, Garments (foarhinne Monstertux), Smack The Apple en Mundo Park.

De edysje fan 2013 wie op 8 maart yn Feanwâldsterwâl, mei optredens fan Newsense Memory, De Hûnekop, Rekker en Hilbrandt Mill.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Babi Pangang Rock in Veenwouden’’, www.waldnet.nl, 15 desimber 2008
  2. Friesch Dagblad, 19 jannewaris 2011
  3. Festivalynfo, 19 desimber 2008