Springe nei ynhâld

Baarle-Nassau

Ut Wikipedy
Baarle-Nassau
Baol
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Baarle-Nassau
Oerflak 76,29 km² [1]
  •  dêrfan lân 76,12 km²
  •  dêrfan wetter 0,16 km²
Ynwennertal 7.065 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 175 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 013
Postkoade(s) 5110, 5111, 5113, 5114
www.baarle-nassau.nl

Baarle-Nassau (Brabânsk: Baol) is in gemeente en plak yn 'e provinsje Noard-Brabân, sa'n 15 kilometer súdlik fan Tilburch. De gemeente hat 7.065 (1 jannewaris 2024) ynwenners en in oerflak fan 76,29 km².

Baarle-Nassau foarmet mei de Belgyske gemeente Baarle-Hertog it Kempenske doarp Baarle. De gebieten fan beide gemeenten binne foar in grut part meiïnoar ferweve, benammen yn it sintrum fan Baarle.

Grinzen fan Baarle-Nassau (N) en Baarle-Hertoch (H) yn Baarle.

It Belgyske part bestiet út 22 eksklaves (yn 1995 waarden de grinzen definityf fêstlein en dêrby waard in earder neutraal stik greide de 22e eksklave). De eksklaves omfiemje op harren beurt sân stikken Nederlânsk gebiet. Belgje sels enklavearret in achste stikje tichteby Ginhoven. Op 'e lytste Belgyske enklave stiet op Loveren in hûs mei twa hûsnûmers. De lânsgrins rint dêr dwers troch de doar hinne. It hûs hat twa hûsnûmers: it Belgyske nûmer oan 'e iene kant fan 'e doar is 2 en it Nederlânske oan 'e oare kant is nûmer 19.

De kompleksiteit fan 'e grins is it gefolch fan tal fan midsiuwske ferdragen, oerienkomsten, lânruil en ferkeap tusken de hearen fan Breda en de hartoggen fan Brabân. De grinzen wurde foar toeristen op alle strjitten sichtber makke mei izeren markearings en markearings op 'e grûn, sadat elkenien wit yn hokker lân men is. It wurdt ek sichtber makke mei de hûsnûmers mei foar beide lannen in eigen styl en faak tsjut in ôfbyld fan 'e flagge njonken it nûmer oan yn hokker lân it hûs of it gebou stiet.

Baarle-Nassau hie twa stasjons, dy't ûnderdiel wiene fan it Belsspoar: in Baarle-Nassaustasjon yn it doarp sels en in Baarle-Nassau Grens-stasjon by de buorskip Baarle-Nassau Grens.

Baarle-Nassau bestiet út de folgjende kearnen:

Fierder binne der in grut oantal buorskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen: nl:Baarle-Nassau


Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje