Springe nei ynhâld

Baai fan Manilla

Ut Wikipedy
Baai fan Manilla
In satellytfoto fan 'e Baai fan Manilla.
In satellytfoto fan 'e Baai fan Manilla.
geografy
type wetterbaai
lokaasjewestkust fan Luzon
lân Filipinen
koördinaten14°31′ N, 120°46′ E
ûnderdiel fanSúdsineeske See
sifers
maks. lingte48 km
maks. breedte19 km
oerflak2.000 km²
djiptegemiddelde10 m
djipste punt40 m
kaart
Baai fan Manilla (Filipinen)
Baai fan Manilla
De lizzing fan 'e Baai fan Manilla yn 'e Filipinen.
Strân oan de Baai fan Manilla filme troch in drone

De baai fan Manilla is in baai oan de westkant fan it Filipynske eilân Luzon. It is in natuerlike haven bewesten Metro Manilla, is 48 kilometer breed en hat in 19 kilometer brede tagong.

Yn de tagong ta de baai lizze inkelde eilannen. De grutste is Corregidor, dat op sa'n trije kilometer fan Bataan leit. Mei it eilân Caballo skiedet it eilân de yngong fan de baai yn in noardlik en in súdlik kanaal. Yn it súdlik kanaal leit noch El Fraile-eilân en krekt bûten de baai, oan de súdkant, leit Carabao. Op El Frailel hawwe de Amerikanen in fort set om de súdlike tagong ferdigenje te kinnen.

Yn 1898 wie hjir de Slach yn de Baai fan Manilla. Teffens wie op Corregidor de belegering fan de lêste Amerikaanske troepen troch de Japanners yn 1942.

It eilân Bataan