Bûnte túfearn
| Bûnte túfearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Spizaetus ornatus | ||||||||||||
| (Daudin), 1800 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De bûnte túfearn of bûnte toefearn (Spizaetus ornatus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) dy't yn Midden- en Súd-Amearika libbet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte túfearn is 58 oant 68 sentimeter lang en hat in spanwiidte fan likernôch 90 oant 120 sentimeter. Wyfkes binne grutter as mantsjes. De folwoeksen bûnte túfearn is te werkennen oan 'e grutte túf en syn fearrekleed: de rêch is donkerbrún, wylst de kop en de nekke kastanjebrún binne. De ûnderkant fan it lichem en dielen fan 'e sturt en wjukken binne wyt mei swarte bannen en spikkels. Sawol de wjukken as de sturt binne lang en breed en dêrtroch geskikt foar it libben yn 'e bossen.
Fersprieding en libbensgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte túfearn komt foar yn it suden fan Meksiko (ynklusyf it skiereilân Jûkatan), op Trinidad en Tobago en yn Súd-Amearika oant yn it suden fan Perû en yn Argentynje. It is in fûgel fan tropyske reinwâlden dy't ek briedt yn isolearre stikken reinbosk fan 200 hektare, sels tichteby stêden.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte telt twa ûndersoarten:
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte jaget meastentiids fanút in sitplak op in útstekkende tûke. De wichtichste proaien fan 'e bûnte túfearn binne fûgels oant de grutte fan kwartels, pappegaaien en lytse reagers. Ek lytse sûchdieren dy't yn beammen libje en reptilen wurde fongen.
De ynkubaasjetiid fan it aai duorret sawat 48 dagen. Allinnich yn 'e briedtiid wurde pearkes foarme. It nêst fan 'e bûnte túfearn is boud fan tûken en sit yn in hege beam.
Bûten de briedtiid libbet de soarte solitêr.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De totale populaasje waard yn 2020 op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. It libbensgebiet fan dizze túfearn wurdt yn heech tempo ûntboske, en dêrtroch rinne de oantallen fan 'e populaasje rap tebek. Om dy reden stiet de bûnte túfearn sûnt 2012 as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Sibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nau besibbe oan 'e bûnte túfearn is de swarte túfearn (Spizaetus tyrannus). Dizze solitêre rôffûgel is ien fan 'e lytsere soarten túfearnen. It fearrekleed is oer it algemien swart fan kleur mei wite bannen op 'e búk en de poaten. De sturt hat fjouwer brede, griiswite bannen. Lykas de bûnte túfearn libbet de swarte túfearn yn leechlânbossen, oangrinzgjend iepen lân en bosksavannes.
In oare sibbe is de swart-wite túfearn (Spizaetus melanoleucus), dy't yn itselde libbensgebiet foarkomt. Dizze rôffûgel is 56 oant 61 sentimeter grut.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Amerikaanske túfearn
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
