Springe nei ynhâld

Bûnte strûksjonger

Ut Wikipedy
Bûnte strûksjonger
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeimerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaaistrûksjongers (Locustella),
soarte
Locustella thoracica
Blyth, 1845
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

De bûnte strûksjonger (Locustella thoracica, synonym: Bradypterus thoracicus) is in 12 oant 14 sm lange sjongfûgel út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae).

De bûnte strûksjonger is in waarmbrún fûgeltsje mei in relatyf koarte, rûne sturt, lange brune ûndersturtdekfearren mei wite punten en lytse plakjes op 'e kiel en it boarst. Se binne fierder griis op 'e wangen en it boarst en oliifbrún op 'e flanken.

Bûnte strûksjongers libje fan 'e Himalaya oant Sintraal-Sina. De fûgels libje yn strewellen oan 'e rânen fan bosken en yn heech gers. Wnterdeis sykje se de dellings op.

De fûgel wurdt monotypysk behannele of ferdield yn twa ûndersoarten:

  • Locustella thoracica thoracica (Himalaya fan Nepal oant Assam, yn súdeastlik Tibet en súdwestlik Sina)
  • Locustella thoracica przevalskii (yn 'e bergen fan westlik Sina oant súdeastlik Tibet en it noarden fan Birma).

De soarte liket in soad op 'e Westhimalaja-strûksjonger en de Baikalstrûksjonger, dy't earder as in ûndersoarten fan 'e bûnte strûksjonger behannele waarden, mar se ferskille yn sang, uterlik en ek genetysk.

De bûnte strûksjonger yt ynsekten, dy't se yn it tichte gers sykje. Se briede fan maaie oant july.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Om 't der fierder gjin bewiis is foar it tebekrinnen fan 'e soarte troch serieuze bedrigingen, wurdt de bûnte strûksjonger troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: