Bûnte stirns
| bûnte stirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Onychoprion fuscatus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De bûnte stirns (Onychoprion fuscatus, earder Sterna fuscata), is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de groep fan 'e stirnzen (Sternini).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in middelgrutte stirns, kwa formaat te ferlykjen mei de klikstirns; 33-36 cm lang, 150 oant 250 gram swier en mei in spanwiidte fan 82-94 cm. De wjukken en de djip foarke sturt binne lang en de fûgel hat swartbrune boppedielen en wite ûnderdielen. De snaffel en poaten binne swart. De bûnte stirns kin dreech mei in oare stirns betiizge wurde, útsein mei de lytsere brilstirns. De rêch fan 'e bûnte stirns is lykwols donkerder, it wyt op 'e foarholle is breder en de wite nekkebân fan 'e brilstirns ûntbrekt. It fearrekleed is by beide skaaien allyk. De bûnte stirns kin oant tritich jier âld wurde.
Juvenilen binne foar it grutste part griisswart mei boppe smelle, ljochte rântsjes oan 'e fearren, sadat it patroan wat skobbich liket. Allinnich de ûnderbúk is wyt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in fûgel fan 'e tropyske oseanen en de briedgebieten lizze op 'e eilannen om de evener hinne. De bûnte stirns is in trekfûgel mei in grut ferspriedingsgebiet, dy't meastentiids boppe de tropyske oseanen oerwinteret. Yn ferliking mei oare stirnzen wurdt in folle grutter part fan de tiid op folle see trochbrocht.
De soarte telt seis ûndersoarten:
- O. f. fuscatus: de Golf fan Meksiko en West-Ynje, de Golf fan Guinee en de súdlike Atlantyske Oseaan.
- O. f. nubilosus: fan 'e Reade See en de Yndyske Oseaan oant de Rjûkjû-eilannen, de Filipinen en de Grutte Sûnda-eilannen.
- O. f. serratus: fan westlik en noardlik Austraalje en Nij-Guineä] fia de súdlike Grutte Oseaan oant Peaske-eilân.
- O. f. oahuensis: fan 'e Bonin-eilannen (Japan) oant Hawaï en súdlik oant Kiritimati (Line-eilannen).
- O. f. crissalis: fan 'e eilannen tichteby westlik Meksiko oant de Galapagoseilannen.
- O. f. luctuosus: Juan Fernández-arsjipel (Sily).
De soarte is in seldsume doarmer yn West-Europa mei yn Nederlân ien waarnimming (yn 2012).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It fretten fan bûnte stirnzen bestiet út fisken, garnalen en inketfisk. Om de proai te fangen fleant de fûgel leech oer it wetter wylst er it fearrekleed drûch hâldt. Se foerazjearje yn grutte groepen en pikke de fisk op fan it wetteroerflak. Se komme allinnich op lân om te brieden.
Bûnte stirnzen brieden yn koloanjes fan bytiden wol 1 miljoen pearen op rots- of koraaleilannen. It briedpear nestelet op 'e grûn yn in kûltsje en leit ien oant trije aaien. It pear bringt lykwols mar ien piken grut, dat troch beide âlden fuorre wurdt. Nei twa moannen kin it jong fleane. It fljocht dan út oer see en komt pas nei fiif oant seis jier werom nei it lân, as it geslachtsryp is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stirns hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch allinnich al is de kâns op útstjerren tige lyts. De grutte fan 'e populaasje wurdt rûsd op 23 miljoen fûgels. Oer trends yn oantallen is neat bekend. Dêrom stiet dizze stirns as 'net bedrige' op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Swartbûnte stirns
- Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn de Cookeilannen
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Fidzjy
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kiribaty
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Naurû
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân)
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn de Pitcairneilannen
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Reünion
- Lânseigen fauna yn Samoä
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Helena
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Tonga
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Tûvalû
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko
- Lânseigen fauna yn de Karibyske See
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See
