Springe nei ynhâld

Bûnte kat

Ut Wikipedy
In bûnte kat.

In bûnte kat is in kat (Felis catus) dy't twakleurich is. Almeast giet it om in swartbûnte kat, mei ûnderskate kleurflakken yn swart en wyt. In swarte kat is in kat dy't hielendal swart is. Yn 'e folksmûle sprekt men ek fan in swarte kat as sa'n bist foar it meastepart swart is, mei bgl. ien wyt poatsje, in wite punt oan 'e sturt of in wite bef op 'e kiel. Mar strikt nommen binne dat bûnte katten.

Der binne rûchwei fiif ûnderskate kleurfarianten fan swartbûnte katten. De Vankat, dy't neamd is nei de stêd Van yn eastlik Turkije, is hast hielendal wyt, op in swarte sturt en swarte earen of in swart plak op 'e kop nei. De harlekyn is ek foar it meastepart wyt, mar hat behalven in swarte sturt en swarte plakjes op 'e kop ek swarte plakken op dielen fan it liif. Dan is der de echte bûnte kat, dy't likernôch likefolle wyt as swart hat. De smokingkat is ferneamd nei de smoking, it swarte manljuspak mei dêrûnder ornaris in wyt oerhimd. Krektsa hat de smokingkat in swarte rêch en siden, mar in wite bealch (en faak ek in wyt befke en/of in wite snút). De medaljonkat, ta einbeslút, is hast hielendal swart, útsein in wite bef, krekt as draacht er in medaljon om 'e hals.

   ferskillende types bûnte katten: Vankat • harlekyn • echte bûnte kat • smokingkat • medaljonkat   

Behalven swartbûnte katten binne der ek readbûnte katten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.