Springe nei ynhâld

Bûnte iisfûgel

Ut Wikipedy
Bûnte iisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai bûnte iisfûgels (Ceryle)
Boie, 1828
soarte
Ceryle rudis
Vieillot, 1819
IUCN-status: net bedrige

De bûnte iisfûgel (Ceryle rudis) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De bûnte iisfûgel is ien fan 'e trije meast foarkommende iisfûgels. De oare twa soarten binne de gewoane iisfûgel en de wytkraachiisfûgel.

Mantsje.
Wyfke.

De bûnte iisfûgel is in 25 sm lange en 68 oant 110 gram swiere fûgel mei in swart-wyt fearrekleed. Mantsjes binne te ûnderskieden fan wyfkes troch in opfallende dûbele boarstbân, wylst it wyfke ien boarsbân hat, dy't boppedat ûnderbrutsen wurdt. Mantsjes en wyfkes ha in opfallende túf.

Bûnte iisfûgels komme yn Afrika, dielen fan it Midden-Easten en Aazje foar en ha in grut ferspriedingsgebiet. Der binne fiif ferskillende ûndersoarten bekend:

It biotoop bestiet út kustgebieten, rivieren en sompen.

Biddende iisfûgel.

It is de iennige soarte iisfûgel dy't ek fier op 'e see te sjen is, mar se komme ek by swiet wetter foar. Fakentiden bidde se boppe it wetter en se litte har by it sjen fan in proai fertikaal as in pylk nei ûnder stoarte. Njonken fiskjes ite se ek kreefteftigen en grutte wetterynsekten.

Oars as oare iisfûgelsoarten foarmet de bûnte iisfûgel somtiden grutte groepen om op feilige plakken te oernachtsjen.

It nêst wurdt yn steile modderbanken oan wetter boud en bestiet út in tunnel dat yn in keamer einiget. Meardere pearkes kinne yn itselde gebiet briede. Fûgels dy't net briede helpe by it grutbringen fan 'e jongen fan oare fûgels.

De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige beskôge. It ferspriedingsgebiet is tige grut en allinne dêrom sil de soarte net gau útstjerre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Pied kingfisher