Bûnte ielgoes
| bûnte ielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phalacrocorax varius | ||||||||||||
| Gmelin, 1789) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De bûnte ielgoes (Phalacrocorax varius) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar yn Austraalje en Nij-Seelân.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bûnte ielgoes is in grutte ielgoes fan likernôch 75 sm lang, mei in opfallend swart-wyt fearrekleed. Simmerdeis is de boppekant glânzgjend swart en de ûnderkant wyt. De snaffel is ljochtgiel, de kielsek rôze en de bleate hûd fan it gesicht giel oant oranje. Winterdeis binne de kleuren fan 'e snaffel en it gesicht minder fel.
Jonge fûgels binne oan 'e boppekant brún. De kiel is wyteftich, de búk brún mei wite streken en om 'e hals sit in brune bân. Guon fûgels yn Nij-Seelân binne lykwols hielendal donker.
De bûnte ielgoes ferskilt fan 'e swartmaskerielgoes (Phalacrocorax fuscescens) troch de fellere kleur fan 'e gesichtshûd en snaffel. Ek rint de grins tusken it swarte en wite fearrekleed op 'e wang boppe it each lâns, en net derûnder. Jonge bûnte ielguozzen hawwe in ljochter gesicht en in ljochtere hals, en de bleate hûd foar it each is giel ynstee fan griis.
De swartwite ielgoes (Microcarbo melanoleucos) is folle lytser, hat in folle koartere snaffel en in donkere bleate hûd foar it each.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Phalacrocorax varius hypoleucos – komt foar yn Austraalje, sawol oan 'e kust as ynlânsk, mar is seldsum op Tasmaanje.
- Phalacrocorax varius varius – komt foar yn kustgebieten fan Nij-Seelân en op Stewarteilân.
De bûnte ielgoes is it meast besibbe oan 'e swartmaskerielgoes en de swarte ielgoes (Phalacrocorax sulcirostris).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy fan 'e ielgoezen hat in hiel skoft ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yndield yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes), mar se binne ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de tradisjonele groep fan 'e pilekaaneftigen parafyletysk is.
Dêrom wurde de ielgoezen no yndield yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bûnte ielgoes komt sawol yn swiet as sâlt wetter foar. De soarte briedt yn koloanjes en is it hiele jier troch in sosjale fûgel. It iten bestiet foar it grutste part (likernôch 90%) út fisk.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte ielgoes hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. De ûntwikkeling fan 'e populaasje is net bekend. Fanwegen syn grutte ferspriedingsgebiet en populaasje beskôget de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

