Springe nei ynhâld

Bûnte fluitein

Ut Wikipedy
Bûnte fluitein
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaifluiteinen (Dendrocygna)
soarte
Dendrocygna guttata
Schlegel, 1866
IUCN-status: net bedrige

De Bûnte fluitein (Dendrocygna guttata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).

De bûnte fluitein is 42 oant 50 sm lang en hat in gewicht fan likernôch 800 gram. De fearren binne brún, de kop is griis mei in brune streek oer de krún oant yn 'e nekke en by it each wat donkerder. De snaffel is donker mei lytse plakjes. Karakteristyk binne de grutte rûne plakken op 'e búk en flanken. Se ha feal rôze poaten mei swarte fluezen en skerpe neils. Sijkes binne wat grutter as jerken.

Lykas oare fluiteinen ha bûnte fluiteinen lange poaten en grutte fuotten mei swimfluezen. Der bestiet gjin dúdlik seksuëel dimorfisme. Se ferfearje ienris yn 't jier en driuwe dan op it wetter, dêr't se feilich foar rôfdieren binne.

Groep einen yn Austraalje.

De fûgels libje yn it suden fan 'e Filipinen, it easten fan Yndoneezje en Nij-Guineä. Sûnt 2002 briedt de ein ek yn it noarden fan Austraalje.

De fûgels libje by lytse wetterpartijen en sompen dy't mei beammen omfieme binne. Se bouwe harren nêst yn holtes fan beammen tichteby wetter.

It iten bestiet út gerssied, wringeleaze wetterdierkes, lytse fiskjes en wetterplanten. Se filterje it wetter troch de snaffel. De measte fûgels foerazjearje nachts.

De pearkes binne trou oaninoar. Se begjinne yn septimber te brieden, mar nêsten wurde oant yn april fûn. Jerken en sijkes bouwe it nêst en briede alletwa. In lechsel bestiet út 10 oant 11 aaien. Nei 18 oant 31 dagen komme de aaien út en se kinne nei 45 oant 50 dagen fleane.

De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. De populaasje wurdt op 10.000 oant 25.000 fûgels rûsd (likernôch 6.700 oant 17.000 folwoeksen fûgels).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Tüpfelpfeifgans en en:Spotted whistling duck