Springe nei ynhâld

Bûnte Selebeskrie

Ut Wikipedy
Bûnte Selebeskrie
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaikrieën (Corvus)
soarte
Corvus typicus
Bonaparte, 1853
IUCN-status:

De bûnte Selebeskrie (Corvus typicus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).[1]

Foarkommen en lûd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte Selebeskrie is in opfallende swart-wite kriefûgel. De wite dielen dy't by folwoeksen fûgels foarkomme, eagje by jonge fûgels doffer of grizer. De lûden dy't de fûgel makket besteane út in lange rige lûde krassen, metaaleftige fluittoanen en fluitsjende lûden; it binne lûden dy't bot ôfwike fan 'e typyske krielûden.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar yn sintraal en súdlik Selebes, op Mûna en op 'e Bûtoneilannen.[2] De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bûnte Selebeskrie komt foar yn berchbosken. De fûgel libbet fral yn 'e kroan fan 'e beammen, dêr't er yn pearkes of lytse groepen oantroffen wurdt.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de populaasje nimt nei alle gedachten ôf, al giet dat net sa hurd dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: