Bûnsried (Dútslân)


De Bûnsried (Dútsk: Bundesrat) is in wetjouwend orgaan dat de sechtjin Dútske dielsteaten (Länder) fertsjintwurdiget op federaal nivo. (Bundesebene). De Bûnsried komt byinoar yn it eardere Prusyske Hearehûs (Preusisches Herrenhaus) yn Berlyn. Syn twadde sit is yn de eardere Westdútske regearingsresidinsje Bonn.
De Bûnsried is in wetjouwend orgaan tegearre mei de Bûnsdei. De Bûnsried bestiet út leden dy't beneamd wurde troch de dielsteatregearings en de Bûnsdei bestiet út fertsjintwurdigers dy't streekrjocht troch it Dútske folk keazen wurdt. Beskate wetten en alle grûnwetswizigings hawwe de ynstimming nedich fan alletwa keamers. Fanwegen syn te ferlykjen funksje wurdt de Bûnsried wol omskreaun as in Earste Keamer lykas de Nederlânske Earste Keamer fan de Steaten-Generaal, de Amerikaanske Senaat en it Britske Hegerhûs.
De namme "Bûnsried" waard brûkt troch likense organen yn it Noarddútske Bûn (1867) en it Dútske Keizerryk (1871). De foarrinner fan 'e Bûnsried yn 'e Weimarrepublyk (1919-1933) wie de Ryksried (Reichsrat). Nei de stifting fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân yn 1949 nei de Twadde Wrâldkriich en it oannimmen fan 'e Grûnwet fan de Bûnsrepublyk Dútslân waard de namme Bûnsried fannijs brûkt.
De politike gearstalling fan 'e Bûnsried wurdt beynfloede trch machtsferskoewings yn 'e dielsteaten fan Dútslân en dus troch de ferkiezings yn alle dielsteaten. Alle dielsteatdelegaasjes yn 'e Bûnsried wurdt troch it dielsteatregear beneamd. Ta tsjinstelling fan de measte parleminten hawwe de leden fan 'e Bûnsried gjin frij mandaat en moatte alle leden fan in dielsteatdelegaasje by alle stimmings opd eselde manear stimme. De Bûnsried is in algeduerigen orgaan en hat gjin sittingsperioaden. Om organisatoaryske reden strukturearret de Bûnsried syn wetjouwingskalinder yn wurkjierren (Geschäftsjahre), dy't alle jierren op 1 novimber begjinne. Alle wurkjierren komme oerien mei de amtstermyn fan ien jier fan it presidium fan 'e Bûnsried. De sittings wurde algeduerigen teld sûnt de earste sitting op 7 septimber 1949. De 1000e plenêre gearkomste fan 'e Bûnsried wie op 12 febrewaris 2021 en waard iepene mei in taspraak fan 'e Dútske presidint Frank-Walter Steinmeier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bûnsried (Dútslân) fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch en:Bundesrat (Germany) |
