Bûnskânselier fan Dútslân

De bûnskânselier is it haad fan it federaal regear yn 'e Bûnsrepublyk Dútslân. De bûnskânselier wurdt troch de Bûnsdei, it Dútske parlemint keazen en stelt syn kabinet, it bûnsregear, byinoar, en wurdt dêrnei beneamd troch de bûnspresidint. It bûnsregear regelet neffens de grûnwet de rjochtlinen fan syn beleid. Yn 'e praktyk moat er lykwols rekken hâlde mei de ideeën fan syn eigen partij en de koälysjepartners.
Omreden de macht fan 'e bûnskânselier wurdt der ek wol sprutsen fan in "kânseliersdemokrasy". De bûnskânselier stiet lykwols op it tredde plak yn 'e rangoarder: nei de bûnspresidint en de foarsitter fan de Bûnsdei.
Ta tsjinstelling yn oare parlemintêre demokrasyen wurdt de bûnskânselier net minister-presidint neamd. Dy namme wurdt allinnich brûkt foar it regearshaad fan in dielsteat, dy't yn it Dútsk in "lân" neamd wurde. Yn Dútslân wurdt mei de namme "minister-presidint fan it lân" dus net de bûnskânselier ornearre, mar op de foarsitter fan it regear fan in dielsteat.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It begryp "kânselier" komt fan de midsiuwen. Oan it feodale hôf wie de kânselier it haad fan 'e hofhâlding, de kânselarij, lykas de Kânselarij yn Ljouwert. Under de betsjinners fan de hearsker hie de kânselier de heechste autoriteit en wie dêr te ferlykjen mei de Egyptyske steatssekretarissen. De taalkundige oarsprong is ôflaat fan it midsiuwsk Latynske haadwurd "cancelli" (traaljes of stek: de kânselarij wie in romte dy't ôffrede waard troch stekken of traaljes.
Yn 'e Dútske konstitúsjonele skiednis hearde it amt fan aartsbiskop al yn it Hillige Roomske Ryk ta de aartsamten. Oant 1806 doe't it âlde ryk ta 'n ein kaam, waard it amt fan aartsbiskop foar Dútslân útoefene troch de karfoarst fan Mainz. It Dútske Bûn (1815-1866) hie allinnich de Bûnsdei as orgaan dy't gjin eigen útfierende macht en gjin kânselier as útfierend amt hie.
Yn it him ûntjouwende Dútske Ryk fan it revolúsjejier 1848 wie der it earste Ynterdútske regear. De foarriedige grûnwet, de Zentrallgewaltgesetz, spriek allinnich oer de minister dy't troch de ryksregint beneamd waarden. De ministers kamen byinoar yn de ministerried dy't troch in ryksminister-presidint foarsitten waard.
It begryp bûnskânselier komt út de tiid fan it oprjochtsjen fan it Noarddútske Bûn yn 1867. Dat bûn, mei in federale grûnwet fan 1 july 1867, hie ien ferantwurdlik minister op federaal nivo, de "bûnskânselier", dy't mank mei de dielsteatregearingen de grûnwet besleat. Yn 1871 waard dy funksje foar it Dútske Keizerryk omneamd ta "rykskânselier". De namme "kânselier" kaam fuort út it feit dat de funksje oarspronklik ornearre wie as amtner dy't as in soarte direkteur de besluten fan de bûnsried útfierde.
De rykskânselier fan it keizerryk waard beneamd en ûntslein troch de keizer. Yn de praktyk moast in rykskânselier mei it parlemint, de Ryksdei, gearwurkje. De rykskânselier wie de liedingjouwende fan de steatssekretarissen, dy't ûnderhearrich wiene oan him. Yn 'e rin fan 'e tiid hannelen de kânselier en de steatssekretarissen dy't te ferlykjen binne mei in kollegiale regearing.
Neffens de grûnwet hie it amt fan rykskânselier fierder allinnich it foarsitterskip fan de bûnsried. De kânselier krige allinnich in sit en in stim yn de ried, en dêrmei ynfloed op de wetjouwende macht fan de bûnsried, om't er hast altyd ek ta Prusysk minister-presidint en lid fan de bûnsriednbeneamd waard.
Yn de Weimarrepublyk wie de rykskânselier haad fan in kollegiale regearing. De rykskânselier wie de foarsitter fan 'e gearkomsten fan it ryksregear en lei de haadlinen fan 'e polityk fêst: de Richtlinienkompetenz. It kabinet stimde lykwols mei in mearderheid. De Richtlinienkompetenz waard lykwols beheind troch de spesjale rjochten fan de rykspresidint en beskate ministers. De leden fan it regear waarden troch de rykspresidint beneamd mar moasten ôfgean op langst fan 'e Ryksdei.
Yn 'e grûnwet fan 1949 stiet wer de âldere namme fan de "bûnskânselier". Yn 'e ûnderhannelings oer de grûnwet wiene de measte partijen it mei-inoar iens dat de regearingslieder in sterke posysje krije moast yn it neidiel fan 'e presidint. It moast ek slimmer wurde foar it parlemint om it ôfgean fan 'e kânselier ôf te twingen sûnder in nijen ien oan te stellen.
Grûnwetlike posysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens kêst 62 fan 'e Dútske grûnwet foarmje de bûnskânselier en de bûnsministers mei-inoar it bûnsregear. De bûnskânselier is wol de iennige dy't troch it parlemint keazen wurdt: de oare ministers wurde troch de bûnspresidint op foardracht fan 'e bûnskânselier beneamd. Yn 'e praktyk moat de bûnskânselier rekken hâlde mei de winsken fan syn eigen partij en syn koälysjepartners.
Yn it regear, it kabinet, jildt ûnder oaren de begjinsels fan de rjochtlinen. Neffens kêst 65 fan 'e grûnwet hjit de bûnskânselier de rjochtlinen fan 'e polityk en is dêr ferantwurdlik foar. Dat betsjut dat by inskeel yn it kabinet de bûnskânselier it lêste wurd hat. Yn 'e praktyk kin er dat almeast net tasteanom't er ôfhinklik is fan syn eigen partij en beanmmen de koälysjepartners.
It bestean fan it bûnsregear hinget fan de bûnskânselier ôf. Giet er ôf, dan binne al syn ministers ek net mear yn funksje. Wol freget de bûnspresidint yn soksoarte gefallen de regearingsleden om oant der in nij kabinet keazen wurdt, as demisjonêr kabinet yn funksje te bliuwen.
Ferkiezing en ein fan it amt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei Bûnsdeiferkiezings of nei de dea of it ôfgean fan in bûnskânselier moat der in nijen ien keazen wurde. Neffens kêst 63 fan 'e grûnwet stelt de bûnspresidint sa'n gadingmakker foar. Krijt dy gadingmakker in folsleine mearderheid yn de Bûnsdei dan is er keazen en beneamt de bûnspresidint him. As er gjin folsleine mearderheid hat, kin de Bûnsdei sels mei in kandidaat komme. In foarstel moat de stipe fan in fearns part fan de leden fan 'e Bûnsdei hawwe.
As der yn twa wike gjin kandidaat mei folsleine mearderheid keazen wurdt, kin in kandidaat ek mei relative mearderheid keazen wurde. De bûnspresidint kan dan beslute as er de keazen kandidaat beneame wol of dat er de Bûnsdei ûntbynt.
It ôfsetten fan in bûnskânselier is mar op ien manear mooglik: de Bûnsdei moat mei folsleine mearderheid in nije bûnskânselier kieze. Dat is in konstruktive moasje fan wantrouwen en wie oant no ta allinnich yn 1982 suksesfol: troch in koälysjewiksel stipe de liberale fraksje FDP de ferkiezing fan Helmut Kohl (CDU). In besykjen yn 1972 en kies Rainer Barzel (CDU) ta bûnskânselier mislearre omreden in tekoart fan twa stimmen; Willy Brandt (SPD) bleau kânselier.
It amt fan 'e bûnskânselier kin ek troch frijwillich ôfgean of ferstjereen einigje. Fierder einiget it mei it gearkommen fan 'e Bûnsdei. Fan dat stuit ôf, en oant de ferkiezing fan in nije kânselier, moat de ôfgeande kânselier op fersykjen fan 'e bûnspresidint de funksje fierder waarnimme. As de kânselier dat net dwaan wol, of it amt net mear útoefenje kin, bygelyks troch sykte of ferstjerren, fersiket de bûnspresidint in bûnsminister dy taken oer te nimmen.
Organisaasje en plakferfanger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnskânselier wurdt stipe troch Bûnskânselarij (Bundeskanzleramt) yn Berlyn. De haad is de Chef des Bundeskanzleramts. Dat kin in bûnsminister. Oars hat er neffens it reglemint fan it bûnsregear de status fan steatssekretaris.
Neffens de grûnwet moat de bûnskânselier ien fan de bûnsministers ta Stellvertreter beneame. Foar dy plakferfanger wurdt gauris oantsjut as fise-kânselier (Vizekanzler). Offisjeel is it net. De titel is benammen in earetitel dy't nei de wichtichste minister fan lytsere koälysjepartners giet. It iis oant no ta noch net foarkommen dat in plakferfanger wier in bûnskânselier ferfange moast yn de sin fan 'e grûnwet (oangeande it bysûndere grûnwetlik foech fan 'e bûnskânselier).
List fan bûnskânseliers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Nr. | Bûnskânselier | Amtstiidrek | Partij | Ferkiezings | Kabinet(en) | |||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Konrad Adenauer (1876–1967) |
15 septimber 1949 | 16 oktober 1963 | CDU | 1949 | Adenauer I | ||
| 1953 | Adenauer II | |||||||
| 1957 | Adenauer III | |||||||
| 1961 | Adenauer IV | |||||||
| Adenauer V | ||||||||
| 2 | Ludwig Erhard (1897–1977) |
16 oktober 1963 | 1 desimber 1966 | CDU | Erhard I | |||
| 1965 | Erhard II | |||||||
| 3 | Kurt Georg Kiesinger (1904–1988) |
1 desimber 1966 | 22 oktober 1969 | CDU | Kiesinger | |||
| 4 | Willy Brandt (1913–1992) |
22 oktober 1969 | 7 maaie 1974 |
SPD | 1969 | Brandt I | ||
| 1972 | Brandt II | |||||||
| [2] | Walter Scheel (1919–2016) |
7 maaie 1974 | 16 maaie 1974 | FDP | ||||
| 5 | Helmut Schmidt (1918–2015) |
16 maaie 1974 | 1 oktober 1982 [3] |
SPD | Schmidt I | |||
| 1976 | Schmidt II | |||||||
| 1980 | Schmidt III | |||||||
| 6 | Helmut Kohl (1930–2017) |
1 oktober 1982 | 27 oktober 1998 | CDU | Kohl I | |||
| 1983 | Kohl II | |||||||
| 1987 | Kohl III | |||||||
| 1990 | Kohl IV | |||||||
| 1994 | Kohl V | |||||||
| 7 | Gerhard Schröder (1944) |
27 oktober 1998 | 22 novimber 2005 | SPD | 1998 | Schröder I | ||
| 2002 | Schröder II | |||||||
| 8 | Angela Merkel (1954) |
22 novimber 2005 | 8 desimber 2021 | Christlich Demokratische Union DeutschlandsCDU | 2005 | Merkel I | ||
| 2009 | Merkel II | |||||||
| 2013 | Merkel III | |||||||
| 2017 | Merkel IV | |||||||
| 9 | Olaf Scholz (1958) |
8 desimber 2021 | 6 maaie 2025 | SPD | 2021 | Scholz | ||
| 10 | Friedrich Merz (1955) |
6 maaie 2025 | CDU | 2025 | Merz | |||
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele hiemside fan 'e bûnskânselier
- YouTube-kanaal fan it bûnsregear mei fideoboadskip fan 'e bûnskânselier
- Das Amt tiefer hängen (krityske opmerkings oer it begryp fan amt yn 'e polityk en it iepenbier libben)
- Der Kanzlercast yn de ARD Audioteek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en literatuer, sjoch de:Bundeskanzler (Deutschland) |
