Springe nei ynhâld

Bûnsdei

Ut Wikipedy
It Ryksdeigebou yn Berlyn dêr't de Bûnsdei yn fêstige is
Logo fan 'e Bûnsdei

De Bûnsdei (Dútsk: Bundestag) is it parlemint fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân. It is de iennige konstitúsjonele orgaan dat streekrjocht troch it Dútske folk keazen wurdt. De Bûnsdei waard yn 1949 oprjochte troch titel III[b] fan 'e Grûnwet fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân (Grundgesetz) as ien fan de wetjouwende organen fan Dútslân, njonken de Bûnsried. Yn 'e Bûnsried binne de dielsteatregearings yn fertsjintwurdige.

De Bûnsdei wurdt om 'e fjouwer jier keazen. Syn taak is njonken de federale wetjouwing de kontrôle fan it regear en it kiezen fan in bûnskânselier. De Bûnsdei bestiet út 630 ôffurdigen, dêr't der (op syn meast) 299 streekrjocht yn kiesdistrikten keazen wurde.

Sûnt 1999 is de Bûnsdei húsmanne yn it Ryksdeigebou yn Berlyn.

It earste orgaan dat Bûnsdei neamd waard, wie it wetjouwende orgaan fan it Dútske Bûn, dat fan 1816 oant 1866 yn Frankfurt byinoar kaam. Dy Bûnsdei wie in konvinsje fan steatsgesanten. By de revolúsje fan 1848/49 wie de Nasjonale Gearkomste, dy't yn Frankfurt byinoar kaam, it earste keazen Dútske parlemint en tsjinne as in grûnwetjouwende gearkomste foar in Dútske steat, dy't einlings net ta stân kaam.

De Noarddútske Bûn, oprjochte yn 1866/67, wie de earste Dútske naasjesteat mei in keazen parlemint, dat lykwols lang om let de Ryksdei neamd waard. Yn 1870/71 waard de federaasje útwreide mei de Súddútske gebieten en waard tenei it Dútske Ryk neamd. It Ryksdeigebou, dêr't de hjoeddeistige Bûnsdei sûnt 1999 byinoar komt, waard yn 1888 boud. It Dútske Ryk wie doe noch gjin parlemintêre demokrasy yn moderne sin, mar in konstitúsjonele monargy mei demokratyske eleminten. De Ryksdei moast alle wetsfoarstellen goedkarre, hie it rjocht om wetjouwing yn te tsjinjen en hie begruttingssûvereiniteit. De kânselier en de keizerlike regearing wiene lykwols net ferantwurding ferskuldige oan it parlemint, mar allinnich oan 'e keizer. Yn 1918, guon wiken foar de ein fan 'e Earste Wrâldkriich, krige de Ryksdei yn it ramt fan in grûnwetsherfoarming it rjocht om de kânselier it betrouwen te ûntsizzen en him ta ôfgean te twingen. Der wie ek gjin algemien kiesrjocht foar de Ryksdei; allinnich manlju âlder as 25 jier hiene stimrjocht by de Ryksdeiferkiezings.

Bundeshaus yn Bonn, dêr't de Bûnsdei fan 1949 oant 1999 yn fêstige wie

Nei de nederlaach yn 'e Earste Wrâldkriich waard Dútslân in federale republyk en in parlemintêre demokrasy mei de Weimar-grûnwet fan 1919. De kiesberjochtige âldens waard nei 21 jier ferlege en froulju krigen it rjocht te stimmen foar (en sitting te nimmen yn) de Ryskdei. De earste Dútske demokrasy mislearre lykwols om ferskate redenen, dêr't guon fuortendaliks ferbân fan holden mei de Ryksdei. It oars net as evenredige fertsjintwurdigingssysteem by ferkiezings levere gjin dúdlike mearderheden op en de ferskate partijen wiene net klear genôch en berik kompromissen en foarmje regearings. Dat late ta ferskate wikselings fan regearings en eardere ferkiezings. Yn de lêste jierren fan 'e Weimarrepublyk hiene de ekstreemrjochtse en ekstreemloftse partijen in destruktive mearderheid yn 'e Ryksdei, dêr't regearings troch twongen waarden foar it grutste part mei needferoarderings te regearjen en om it parlemint hinne te gean. Yn 1933 waard Adolf Hitler ta rykskânselier beneamd en krige er troch de Ryksdeibrânferoardering, de Machtigingswet fan 1933 en de dea fan rykspresidint Paul von Hindenburg yn 1934 ûnbeheinde macht. Dêrnei kaam de Ryksdei, dêr't fan novimber 1933 ôf allinnich de Nazypartij yn fertsjintwurdige wie, noch amper byinoar, allinnich om de needwetten te ferlingjen dêr't de nazydiktatuer offisjeel op basearre wie. De lêste kear dat de Ryksdei gearkaam, wie op 26 april 1942.

Mei de grûnwet fan 1949, de twadde demokratyske grûnwet fan Dútslân, waard de Bûnsdei as nij parlemint ynsteld. Troch it spjalten fan Dútslân yn twaen wie de Bûnsdei oant 1990 de facto in Westdútsk parlemint. De sosjalistyske DDR yn East-Dútslân hie syn eigen parlemint, de Volkskammer, dat lykwols, mei útsûndering fan d elêste sittingsperioade yn 1990 net út demokratyske ferkiezings fuortkaam. Om't West-Berlyn by de dieling offisjeel net ûnder de jurisdiksje fan 'e grûnwet foel, kaam de Bûnsdei byinoar yn Bonn yn ferskate gebouwen, lykas (tydlik) yn in earder wetterliedingbedriuw en lang om let yn it Bundeshaus. Boppedat koene de boargers fan West-Berlyn omreden de juridyske status fan 'e stêd net stimme by de ferkiezings fan 'e Bûnsdei, mar waarden se fertsjintwurdige troch 22 net-stimberjochtige ôffurdigen, dy't keazen waarden troch it Hûs fan Offurdigen, de wetjouwende macht fan 'e stêd.

Sûnt de Dútske weriening yn 1990 is de Bûnsdei fannijs in folslein Dútsk parlemint. Yn 1999 ferhuze it Dútske parlemint fan Bonn nei Berlyn en is fannijs yn it Ryksdeigebou fêstige.

It Plenarsaal

Wetjouwingsproses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei de Bûnsried foarmet de Bûnsdei de wetjouwende macht fan it Dútske politike systeem. De Bûnsdei is ien fan de trije konstitúsjonele organen, njonken de Bûnsried en it federale regear, dy't it inisjatyfsrjocht hawwe foar it wetjouwingsproses. Om in wetsfoarstel yn 'e Bûnsdei yn te tsjinjen, is de stipe fan in fraksje of fan in tal parlemintsleden fan op syn minst fiif prosint fan alle parlemintsleden fertsjintwurdige. Alle wetsfoarstellen, ek dy fan 'e Bûnsried en it regear, wurde earst yn 'e Bûnsdei yn stimming brocht. In wetsfoarstel wurdt earst yn in earste lêzing besprutsen en dêrnei nei ien of mear kommisjes ferwiisd, dêr't it feroare wurde kin. De ferzje fan 'e kommisje dy't dêr út wei komt kin dan werom nei de plenêre gearkomste dêr't it yn in twadde en tredde lêzing oannommen wurdt. Yn dy faze kinne ek amendeminten yntsjinne wurde. Foar normale wetsfoarstellen is in gewoane mearderheid (mear ja-stimmers as nee-stimmers en ûnthâldings mei-inoar) nedich. Yn guon seldsume gefallen is neffens de grûnwet de saneamde kânseliersmearderheid nedich (mearderheid fan alle parlemintsleden). Foar wetten ta it wizigjen fan 'e grûnwet ie in twatred mearderheid fan alle leden fan 'e Bûnsdei nedich.

In wet dy't troch de Bûnsdei oannommen is, wurdt trochjûn oan 'e Bûnsried. Wetten dy't streekrjocht fan ynfloed op 'e dielsteaten binne moatte troch de Bûnsried oannommen wurde mei in mearderheid fan stimmen (wizigings fan 'e grûnwet fannijs mei in twatred mearderheid); alle oare wetten wurde achte oannommen te wêzen as de Bûnsried der yn 14 dagen beswier tsjin makket. In beswier fan 'e Bûnsried kin troch de Bûnsdei mei in kânseliersmearderheid oan 'e kant skood wurde as de Bûnsried it beswier net mei in twatred mearderheid yntsjinne hat (yn it lêste gefal is foar it oan 'e kant skowen fan in beswier in twatred mearderheid fan 'e oanwêzige leden nedich, dy't op syn minst oerienkomt mei de kânseliersmearderheid). De Bûnsried kin in gjin gefal wizigings oanbringe yn in wetsfoarstel. As de Bûnsried in wetsfoarstel fersmyt, wurdt de saak faak foarlein oan it saneamde bemiddelingskomitee, in orgaan dat út in lyk tak leden fan 'e Bûnsdei en de Bûnsried bestiet, dat besiket te ûnderhanneljen of it wetsfoarstel mei beskate wizigings troch alletwa keamers goedkard wurde kinne. In sa wizige ferzje moat dêrnei fannijs mei in mearderheid yn alletwa keamers oannommen wurde om wet te wurden.

Yn 'e lêste stap moat in wet ûndertekene wurde troch de presidint fan Dútslân, dy't winliken fetorjocht hat, dochs dêr yn 'e skiednis fan 'e Bûnsrepublyk komselden gebrûk fan makke hat.

De Bûnsdei hat in ferkiezingsfunksje foar in tal amten.

Bûnskânselier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Bûnskânselier fan Dútslân.

De bûnskânselier wurdt keazen troch de Bûnsdei en formeel beneamd troch de presidint fan Dútslân. Der moat in bûnskânselier keazen wurde wannear't it amt fan bûnskânselier fakant is. Dat is it gefal wannear't in nij keazen Bûnsdei foar it earst byinoar komt, of as de eardere bûnskânselier ferstoarn is of dien nommen hat.

De ferkiezing fan 'e bûnskânselier hat in stimming fan 'e Bûnsdei dêr't in mearderheid fan alle keazen leden nedich is en net allinnich fan de mearderheid fan de op dat stuit oanwêzige leden, de saneamde kânseliersmearderheid (Kanzlermehrheit). Lykas by oare ferkiezings troch de Bûnsdei wurdt de bûnskânselier fia in temûke stimming keazen. De yn 'e grûnwet fêstleine ferkiezingsproseduere kin yn trije omgongen ûnderferarte wurde: It proses begjint mei it foarstellen fan in kandidaat troch de bûnspresidint oan 'e Bûnsdei (almeast in kandidaat dêr't de mearderheidspartij of de koälysjepartijen oer yn 't foar al oerienstimming berikt hawwe), dêr't dêrnei sûnder debat oer stimd wurdt ("earste stimomgong").

As de kandidaat de "kânseliersmearderheid", dy't nedich is, hellet, beneamt de presidint him of har en dêrnei nimt de foarsitter fan 'e Bûnsdei de amtseed foar de folsleine Bûnsdei ôf. As dy kandidaat net keazen wurdt, giet it rjocht fan beneamen oer op 'e Bûnsdei: der kinne no kandidaten foar de ferkiezing foardroegen wurde, dêr't in foardracht fan op syn minst in fearn fan alle parlemintsleden by stipe wurde moatte. De Bûnsdei kin op dy manear yn twa wiken in ûnbeheind tal stimmings hâlde. Om keazen te wurden, hat in kandidaat noch hieltyd in "kânseliersmearderheid" fan ja-stimmen nedich ("twadde stimomgong"). As de Bûnsdei der yn dy twa wiken net yn slagget en kies in kânselier, wurdt de folgjende dei in lêste stimming holden. Ek ditkear kinne kandidaten foardroegen wurde troch op syn minst in fearn fan alle parlemintsleden. Kandidaten dy't yn dy stimming in "kânseliersmearderheid" helje, wurde keazen. Oars is it oan 'e bûnspresidint om de kandidaat mei de measte stimmen ta kânselier te beneamen of de Bûnsdei te ûntbinen en nije ferkiezings út te skriuwen. ("tredde stimomgong").

In oare mooglikheid en beneam in nije bûnskânselier is de konstruktive moasje fan wantrouwen, dêr't de Bûnsdei in sittende bûnskânselier mei ferfange kin as er in nije bûnskânselier kiest mei de "kânseliersmeardeheid".

Yn 2025 binne alle bûnskânseliers fan 'e Bûnsrepublyk (werkeazen op foardracht fan 'e presidint en by de earste stimomgong, mei útsûndering fan Helmut Kohl, dy't yn 1982 foar syn earste amtstermyn keazen waard fia in konstuktive moasje fan wantrouwen tsjin Helmut Schmidt, en Friedrich Merz, dy't by de twadde stimomgong ta bûnskânselier keazen waard, nei't er by de earste stimming yn 2025 net de mearderheid, dy't nedich wie, helle.

Rjochters fan it Federale Konstitúsjonele Hof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bûnsdei dielt mei de Bûnsried de ferantwurdlikens foar de ferkiezing fan 'e rjochters fan it Federale Konstitúsjonele Hof. Alletwa keamers kieze fjouwer rjochters foar alle twa senaatskolleezjes fan it Hof. Hja kieze ek ôfwikseljend de foarsitter en fise-foarsitter fan it Hof. Yn 'e Bûnsdei is dêr in twatred mearderheid fan de oanwêzige leden foar nedich.

Oare ferkiezingsfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken dy sintrale ferkiezings kiest de Bûnsdei de presidint en fise-presidint fan de Federale Rekkenkeamer, de kommissaris foar de striidkrêften, de federale kommisje foar gegevensbeskerming en frijheid fan ynformaasje, de federale kommissaris foar de slachtoffers fan de SED-diktatuer, twatred fan 'e leden fan 'e Miene Kommisje en de helte fan 'e leden fan 'e Bemiddelingskommisje.

De Bûnsdei hat ek in grutte ynfloed op 'e ferkiezing fan 'e presidint fan Dútslân: alle leden fan 'e Bûnsdei binne fan amtswegen lid fan 'e Bûnsgearkomste, in net-permanint konstitúsjoneel orgaan dat as iennige taak hat en kies de presidint; de gearkomste omfettet ek kiesmannen dy't keazen wurde troch de parleminten fan 'e sechtjin Dútske dielsteaten. De mearderheidsferhâldings yn 'e Bûnsdei hoege dus net needsaaklikerwiis oerien mei dy fan 'e Bûnsgearkomste te kommen.

In lid fan 'e Bûnsdei (Bundestagsabgeordneter) hat frij mandaat, dat betsjut dat er net oan opdrachten bûn is, neffens kêst 38 fan 'e grûnwet. Yn 'e praktyk hawwe de partijen en fraksjes lykwols in grutte ynfloed op har ôffurdigen. In lid hâldt syn mandaat sels as er net mear part fan in fraksje is of nei in oare fraksje oergiet.

De bûnspresidint, rjochters oan it Federaal Konstitúsjoneel Hof, leden fan it Jeropeesk Parlemint en leden fan guon dielsteatparleminten (ôfhinklik fan 'e dielsteatwetten) meie gjin lid fan 'e Bûnsdei wêze. Leden fan it Bûnsregear kinne dat wol wêze.

Bûnsdeileden krije in Abgeordnetenentschädigung, dêr't se fan libje en in beskaat maskimaal bedrach om meiwurkers te beteljen.

De leden fan 'e Bûnsdei binne ornaris yn groepen organisearre, de fraksjes (Fraktionen). Der wurdt in kiesdrompel fan 5% brûkt om yn 'e Bûnsdei plaknimme te kinnen. Der kin lykwols op twa manearen fan dy regel ôfwykt wurde. As in lanlike partij op syn minst trije direkte mandaten (Direktmandate) helje kin,dant krijt it wis in plak yn 'e Bûnsdei, nettsjinsteande it lanlike persintaazje stimmen. It tal sitten wurdt foar de beskate partij útmakke op grûn fan it tal Zwetstimmen. Dêrnjonken kin in minderheidspartij yn 'e Bûnsdei komme, ek al hoege se net oan 'e kiesdrompel te foldwaan. Der jildt al in winliken kiesdrompel fan 0,1% dat mei likernôch 40.000 stiime oerienkomt. Dy regel jildt einlings allinnich foar de SSW, de partij foar de Fryske en Deenske minderheden.

In lytsere groep fan leden, mar dy't op syn minst trije leden hat, kind e status fan in Gruppe oanfreegje. In Gruppe hat wol dúdlik minder rjochhten as in fraksje. Guon leden fan bûten in Gruppe of in fraksje wurde fraksjeleas (fraktionslos) neamd. It grutste part fan 'e Bûnsdeileden heart wol by in fraksje. De status fan fraksje hat foardielen by it sprekrjocht, by it lidmaatskip yn parlemintêre kommisjes en by finansjeel ûnderstypjen.

Nijsgjirrich is de miene fraksje fan CDU en CSU. Dy twa partijen de Union neamd, binne by ferkiezings gjin konkurrinten fan inoar, om't de CSU allinnich yn Beieren warber is en de CDU yn alle oare dielsteaten. Yn 'e measte gefallen waard de Union de grutste partij yn Dútslân.

Presidium en foarsitter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarsitetr fan 'e Bûnsdei (Bundestagspräsident) en syn of har plakferfangers foarmje mei-inoar it presidium fan 'e Bûnsdei. Alle fraksjes hawwe rjocht op in plakferfanger. De foarsitter wurdt troch de leden fan ' Bûnsdei keazen: de foarsitter komt ornaris út 'e grutste fraksje. De foarsitter fertsjintwurdiget it parlemint en is it haad fan de plysje fan 'e Bûnsdei. Hy of sy nimt de wichtichste beslissings oangeande it personiel.

Njonken it presidium is der de ried fan âlderlingen (Ältestenrat), dy't oer de aginda fan 'e Bûnsdei giet.


Nr. Foarsitter fan
de Bûnsdei
Präsident des
Deutschen Bundestages
Amtstermyn Partij Termyn
1 Erich Köhler Erich Köhler
(1892–1958)
7 septimber 1949 18 oktober 1950 CDU 1e Bûnsdei
2 Hermann Ehlers Hermann
Ehlers

(1904–1954)
19 oktober 1950 29 oktober 1954
CDU
2e Bûnsdei
3 Eugen Gerstenmaier Eugen
Gerstenmaier

(1906–1986)
16 novimber 1954 31 jannewaris 1969 CDU
3e Bûnsdei
4e Bûnsdei
5e Bûnsdei
4 Kai-Uwe von Hassel Kai-Uwe
von Hassel

(1913–1997)
5 febrewaris 1969 13 desimber 1972 CDU 6e Bûnsdei
5 Annemarie Renger Annemarie
Renger

(1919–2009)
13 desimber 1972 14 desimber 1976 SPD 7e Bûnsdei
6 Karl Carstens Karl Carstens
(1914–1992)
14 desimber 1976 31 maaie 1979
CDU 8e Bûnsdei
7 Richard Stücklen Richard
Stücklen

(1916–2002)
31 maaie 1979 29 maart 1983 CSU
9e Bûnsdei
8 Rainer Barzel Rainer Barzel
(1924–2006)
29 maart 1983 25 oktober 1984 CDU 10e Bûnsdei
9 Philipp Jenninger Philipp
Jenninger

(1932–2018)
5 novimber 1984 11 novimber 1988 CDU
11e Bûnsdei
10 Rita Süssmuth Rita
Süssmuth

(1937)
25 novimber 1988 26 oktober 1998 CDU
12e Bûnsdei
13e Bûnsdei
11 Wolfgang Thierse Wolfgang
Thierse

(1943)
26 oktober 1998 18 oktober 2005 SPD 14e Bûnsdei
15e Bûnsdei
12 Norbert Lammert Norbert
Lammert

(1948)
18 oktober 2005 23 oktober 2017 CDU 16e Bûnsdei
17e Bûnsdei
18e Bûnsdei
13 Wolfgang Schäuble Wolfgang
Schäuble

(1942–2023)
24 oktober 2017 26 oktober 2021 CDU 19e Bûnsdei
14 Bärbel Bas Bärbel Bas
(1968)
26 oktober 2021 25 maart 2025 SPD 20e Bûnsdei
15 Julia Klöckner Julia
Klöckner

(1972)
25 maart 2025 no CDU 21e Bûnsdei

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part oernommenfan 'e Ingelske en Nederlânske wikipediasiden, sjoch op en:Bundestag en nl:Bondsdag foar baornen en oare literatuer