Bâniisfûgel
Bâniisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() mantsje ![]() wyfke | ||||||||||||
lûd | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Megaceryle alcyon | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae), dy't yn Noard-Amearika libbet. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Alcedo alcyon yntrodusearre troch Carolus Linnaeus. Linnaeus basearrre de namme op eardere beskriuwingen en ôfbylden fan Mark Catesby, John Ray en George Edwards.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bâniisfûgels binne 28 oant 35 sm lang, wege 113 oant 178 gram en ha in spanwiidte fan 48 oant 58 sm. Se ha in laaigrize kop mei in rûge túf en in swarte snaffel mei in grize basis. Under de kop rint in brede wite ring om 'e nekke. Op it boarst hat de fûgel in donkere bân. De rêst fan it ûnderbealchje is meast wyt. De rêch en wjukken binne laaigriis mei swarte fearrepunten en wite plakken. By de soarte is sprake fan in omkeard seksuëel dimorfisme: it wyfke is feller kleurd as it mantsje en hat by it boarst en by de búk lâns readbrune plakken.

Jonge fûgels ha in soad fan 'e folwoeksen fûgels, mar beide skaaien ha in readbrune bân op it boarst. By jonge mantsjes is dat gjin sletten bân, wylst de jonge wyfkes in folle smellere readbrune bân ha as folwoeksen wyfkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels komme yn Noard-Amearika foar. Yn 'e gebieten mei in tuskenbeide klimaat is de bâniisfûgel in stânfûgel. Yn 'e kâldere gebieten, lykas yn Alaska en Kanada trekke de fûgels nei Meksiko, Midden-Amearika en de noardlike Súd-Amerikaanske kustgebieten. Jonge fûgels trekke werom nei it gebiet dêr't se weikomme. Hiel út en troch binne bâniisfûgels yn West- en Noard-Europa te sjen, benammen yn Ierlân. Se libje by wetterstreamen en marren mei begroeide iggen.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst wurdt troch de fûgels útgroeven yn steile iggen oan it wetter of op sânbanken. Oan 'e ein fan 'e horisontale tunnel is in keamer, dêr't 5 oant 8 aaien lein wurde, dy't yn 21 dagen troch beide âlders útbret wurde. Nei it útkommen fan 'e aaien fuorje beide âlders de jonge fûgels.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels brûke beammen, strûken of peallen of oare saken om proaien te sykjen yn it wetter. It iten fan bâniisfûgels bestiet út fiskjes, kreefetigen, ynsekten, weakdieren, lytse fûgels, reptilen en wetterdierkes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje fan 'e soarte wurdt op 1,8 miljoen rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Belted kingfisher
|
- Reuze-iisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen