Springe nei ynhâld

Azuerskoudertangare

Ut Wikipedy
Azuerskoudertangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiblauwe tangaren (Thraupis)
soarte
Thraupis cyanoptera
Vieillot, 1817
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De azuerskoudertangare (Thraupis cyanoptera) is in fûgelsoarte yn it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

It is in monotypyske soarte. Dat betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Fûgel yn it Reserva Guainumbi.

De oant 18 sm lange fûgel is in frij grutte tangare mei in foarse snaffel. It fearrekleed is meast blaueftich. De kop en boppekant binne blaugriis, de krún is mear blau en de slachpinnen fan 'e wjukken ha turkoaisblauwe rannen. Fân ûnder is de fûgel ljochter en griisblau. It each is donker, de boppesnaffel is fan boppe hast swart en de ûndersnaffel blaugriis. De poaten binne donker oant griis. Tusken mantsjes en wyfkes is wat fearrekleed oanbelanget gjin ferskil.

De fûgel is endemysk yn Brazylje. It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel omfiemet it Atlantysk Wâld oan 'e súdeastlike kust fan Brazylje. It biotoop bestiet út tropysk en subtropysk fochtich bosk, jong bosk en boskrannen oant in hichte fan 1200 m boppe seenivo.

Der bestiet gjin rûzing oer de grutte fan 'e populaasje. It leefgebiet fan 'e soarte wurdt bedrige troch fragmintaasje as in gefolch fan houtkap foar bewenning, de omsetting fan lân foar agrarysk gebrûk en de oanlis fan diken. Alhoewol't oannommen wurdt dat de populaasje yn oantal ôfnimt, wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: