Springe nei ynhâld

Azuerrôlder

Ut Wikipedy
Azuerrôlder
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljerôlderfûgels (Coraciidae)
skaaibreedsnaffelrôlders (Eurystomus)
soarte
Eurystomus azureus
Gray, G.R., 1861
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De azuerrôlder (Eurystomus azureus) is in fûgel yn it skaai breedsnaffelrôlders (Eurystomus) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).

De soarte is 31 oant 35 sm lang en hat oer it generaal in donkerpears fearrekleed mei djipper blau op 'e wjukken, boppekant en búk. Allinnich op 'e wjukken hat de fûgel ljochtblauwe, hast wite plakken, dy't sawol fan ûnder as fan boppe te sjen binne. De snaffel is read, lykas de poaten en in bleate ring om it each.

De ferlykbere readsnaffelrôlder is lytser, is brúnich op 'e kop en de mantel, grienblau op 'e wjukken en ûnderkant en hat wite plakken op 'e primêre wjukdekfearren ynstee fan ljochtblauwe.

De fûgel komt foar yn 'e noardlike Molukken fan Yndoneezje op 'e eilannen Halmahera, Ternate, Tidore, Kasiruta en Bacan. Hy wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdielding yn ûndersoarten is.

De populaasje soe neffens in rûzing út 1.500 oant 7.000 folwoeksen fûgels bestean. Der wurdt oannommen dat de populaasje tebekrint troch it ferlies fan habitat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) kategorisearret de fûgel dêrom as hast bedrige op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: