Springe nei ynhâld

Azuerpoarperhin

Ut Wikipedy
azuerpoarperhin
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaipoarperhinnen (Porphyrio)
soarte
Porphyrio flavirostris
Gmelin, 1789
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

It azuerpoarperhin (Porphyrio flavirostris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).

Azuerpoarperhin yn Perû.

De soarte giet om in lytse 23 oant 26 sm en ljochte poarperhin. It is de lytse soarte fan it skaai en hy hat ûnder in griisblau en op 'e boppedielen in olivebrún fearrekleed. De relatyf dikke snaffel is bleekgiel en sa ek it skyld dêrboppe. Harren poaten binne gielich oranje. Jonge fûgels hawwe brunere boppekanten as folwoeksen fûgels mei in bleekgeel gesicht, nekke en boarst. It skyld is grien.

De soarte komt foar yn 'e Feriene Steaten, Argentynje, Bolivia, Brazylje, Kolombia, Ekwador, Frânsk-Guyana, Guyana, Paraguay, Perû, Suriname, Trinidad en Tobago en Fenezuëla.

De azuerpoarperhin is in monotypyske soarte, wat betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De azuerpoarperhin wurdt fûn yn swietwettergebieten mei in oerfloed oan driuwende fegetaasje. Yn ferlikening mei de Amerikaanske poarperhin wurdt er selden sjoen en is er mear ferburgen yn fegetaasje. Syn dieet bestiet út sied en wringeleazen, dy't er op it wetteroerflak fynt. it each is readbrún.

It briedseizoen fan 'e soarte ferskilt geografysk. Yn Suriname briedt er bygelyks tusken maaie en augustus en yn Ekwador nei alle gedachten tusken juny en septimber. De fûgel is monogaam. In nêst sit tusken de begroeiïng en de fjouwer oant fiif aaien wurden troch de beide skaaien útbret.

De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De ûntwikkeling fan 'e populaasje is stabyl (2025).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: