Azuernekkegaai
| azuernekkegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax heilprini | ||||||||||||
| Gentry, 1885 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
De azuernekkegaai (Cyanocorax heilprini) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De azuernekkegaai is in grutte blaugrize gaai mei in swart gesicht en by de giele eagen in pear blauwe plakjes. De sturt hat in wyt puntsje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De azuernekkegaai komt yn it noardwestlike diel fan it Amazônegebiet fan Súd-Amearika foar. Troch guon autoriteiten wurdt de fûgel yn twa ûndersoarten yndield:
- Cyanocorax heilprini heilprini - fan súdeastlik Kolombia oant súdwestlik Fenezuëla (Amazône) en it noardwestlikste part fan Brazylje.
- Cyanocorax heilprini hafferi - de súdwestlik Amazône-regio fan Brazylje en fan 'e westlike ouwer fan 'e Purus oant de westlike ouwer fan 'e Madeirarivier.
De Cyanocorax heilprini hafferi (Campinagaai) wurdt sûnt 2016 troch BirdLife International en de IUCN as in aparte soarte erkend. De Campinagaai komt yn it súdlike Amazône-gebiet foar en it meast opfallende ferskil is dat se op it boarst griisblau binne ynstee fan pearsblau.
| Cyanocorax heilprini | Cyanocorax hafferi |
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De azuernekkegaai libbet yn boskrânen, bosksavannes, jong bosk. Hy mijt de reinwâlden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beoardielet de status fan 'e heilprini en hafferi apart. De heilprini stiet as net bedrige klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN, mar de oantallen nimme ôf.
Neffens in rûzing fan 2008 wurdt de populaasje fan 'e hafferi op 26.000 fûgels rûsd. De soarte komt allinnich foar op 'e Campinasavannes op ûnfruchtbere sângrûn en kinne harren dreech oan feroaringen oanpasse. De fûgel ferdwynt út gebieten dêr't de tradisjonele begroeiing ferdwynt. De IUCN klassifisearre de hafferi as hast bedrige (Near Threatened, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
