Aziatyske goudkat
| Aziatyske goudkat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Catopuma temminckii | ||||||||||||
| Vigors & Horsfield, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Aziatyske goudkat (wittenskiplike namme: Catopuma temminckii), ek wol de temminckkat of Temmincks kat neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma). Dit bist komt foar yn in sterk fragmintearre ferspriedingsgebiet yn Súdeast-Aazje en oanbuorjende dielen fan East- en Súd-Aazje. It is in middelgrutte kateftige dy't yn wâlden en op 'e savanne libbet. In eardere fêststelling dat de Aziatyske goudkat yn haadsaak in nachtdier wie, is troch nije ynsichten ûnderút helle. It is yn elts gefal in solitêr libjende karnivoar, waans wichtichste proaien fûgels, hazze-eftigen, kjifdieren, reptilen en lytse harten binne. De IUCN klassifisearret de Aziatyske goudkat as gefoelich.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aziatyske goudkat waard foar it earst yn 1827 wittenskiplik beskreaun troch de Ierske soölooch Nicholas Aylward Vigors en syn Amerikaanske kollega Thomas Horsfield. De beide mannen basearren har op in hûd fan in eksimplaar dat op Sumatra fongen wie. Mei de wittenskiplike namme Catopuma temminckii (oarspronklik Felis temminckii) woene se de foaroansteande Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck earje. Yn lettere jierren waarden ferskate kateftigen beskreaun dy't neitiid synonym mei Catopuma temminckii blieken te wêzen, wêrûnder Felis moormensis, beskreaun yn 1831 troch Brian Houghton Hodgson, en Felis tristis, beskreaun yn 1872 troch Alphonse Milne-Edwards. It skaai fan 'e goudkatten (Catopuma) waard yn 1853 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov.

De sustersoarte fan 'e Aziatyske goudkat is de Borneogoudkat (Catopuma badia) fan Borneo. Tegearre foarmje dy beide soarten it skaai fan 'e goudkatten (Catopuma). Justjes minder nau oan harren besibbe is de moarmerkat (Pardofelis marmorata), dy't rûchwei deselde fersprieding hat as de Aziatyske goudkat. De nauwe besibskip fan dy trije soarten soarge derfoar dat de Aziatyske goudkat en de Borneogoudkat yn 2006 yn it skaai fan 'e moarmerkatten (Pardofelis) yndield waarden. Letter ûndersyk brocht lykwols oan it ljocht dat de beide soarten goudkatten in dúdlik neiere besibskip dielden as dat se hiene mei de moarmerkat. Dêrom waard yn 2016 besletten it skaai fan 'e goudkatten te rehabilitearjen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Aziatyske goudkat beslacht yn it foarste plak it fêstelân fan Súdeast-Aazje, it skiereilân Malakka ynbegrepen. Fierders heart it grutte eilân Sumatra derta, yn it uterste westen fan 'e Yndyske Arsjipel. Yn it noarden rint it ferspriedingsgebiet troch om súdlik en súdeastlik Sina te omfetsjen. Dêropta is der yn it westen noch in lange útrinner by de súdflank fan 'e Himalaya lâns oant yn eastlik Nepal. De fersprieding fan 'e Aziatyske goudkat is tige fersnipele, mei in protte gruttere en lytsere populaasjes dy't faninoar isolearre wurde troch lân dat troch de minske yn kultuer brocht is.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aziatyske goudkat is in middelgrutte kateftige. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 66–105 sm, mei in sturtlingte fan 40–57 sm en in gewicht fan 9–16 kg. De skofthichte bedraacht trochinoar 56 sm. Hy is dêrmei likernôch twaris sa grut en trijeris sa swier as in hûskat (Felis catus).
De pels fan 'e Aziatyske goudkat is fierhinne effen: dûnkerder op 'e boppeste lichemsdielen en witich op 'e ûnderste lichemsdielen. Op 'e kop en op it rekflak fan 'e beide kleuren sitte wat spikkels en streekjes. De krekte kleur fan 'e pels op it boppelichem is in polymorfysk skaaimerk. Goudkleurige, readbrune, grize en bêzje yndividuën binne dokumintearre yn 'e Himalaya. Fan Sumatra en út Súdeast-Aazje binne benammen readbrune eksimplaren bekend, mar melanistyske (swarte) bisten lykje oeral foar te kommen. Fierders is der ek noch in foarm wêrby't de boppeste lichemsdielen net effen kleure, mar hielendal spikkele binne, mei grutte rozetten op 'e skouders, siden en heupen. Dy foarm is bekend út súdlik Sina, mar ek út 'e eastlike Himalaya.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biotopen dêr't de Aziatyske goudkat yn libbet, binne fral wâlden, fan it tropysk reinwâld fan Súdeast-Aazje oant de berchwâlden fan 'e Himalaya. Mei kamerafâlen is de oanwêzigens fan dit bist ek fêststeld yn sekundêr wâld begroeid mei bamboe. Fierders komt de Aziatyske goudkat, alteast yn 'e Yndiaaske steat Assam, ek foar op 'e savanne. Yn 'e bergen fan Bûtan waard dit bist filme op in hichte fan 3.738 m boppe seenivo. In ûndersyk op Sumatra út 2019 brocht oan it ljocht dat de Aziatyske goudkat dêr nei alle gedachten algemiener foarkomt as oare lytse katten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aziatyske goudkatten libje benammentlik op 'e grûn, mar se kinne goed klimme en skrilje der net foar tebek om heech yn 'e beammen te gean as dat nedich is foar de jacht of foar it selsbehâld. Fokalisaasjes fan dit bist binne miaukjen, spinnen, grânzgjen, 'goarreljen' en blazen.
De Aziatyske goudkat is in solitêr libjend bist, dat inkeld foar de fuortplanting kontakt mei soartgenoaten siket. Eardere waarnimmings suggerearren dat dit bist yn haadsaak in nachtdier is, mar út fjildûndersyk nei twa fan in stjoerderke foarsjoene eksimplaren kaam in aktivititeitspatroan oan it ljocht dat benammen krepuskulêr (yn 'e skimer) en diurnaal (by deiljocht) wie, mei folle minder aktiviteit by nacht. By in oar ûndersyk yn noardeastlik Yndia wiene Aziatyske goudkatten ek aktiver by dei as by nacht, mei in hichtepunt yn 'e aktiviteit om 'e middeisoere hinne.
Sawol mantsjes as wyfkes fan 'e Aziatyske goudkat fêstigje in territoarium. Yn ien ûndersyk meat it territoarium fan in mantsje 47,7 km² yn 'e drûge tiid, mar dêr kaam yn 'e reintiid 15% (7,2 km²) by. It territoarium fan in wyfke dêr't ûndersyk nei dien is, besloech 32,6 km². It tinken is lykwols dat de grutte fan plak nei plak ferskille sil, al neigeraden de beskikberens fan proaidieren en de aktiviteit fan minsken. Territoaria wurde ôfset mei rookflaggen troch it sproeien fan urine, it omklauwen yn it hout fan beammen en it wriuwen mei de kop by in ferskaat oan foarwerpen lâns. Sawol mantsjes as wyfkes kinne mear as 9 km deis ôflizze, mar soms bliuwe se de hiele dei op itselde plak omhingjen en lizze se mar 55 m ôf.
Oer de fuortplanting fan dizze frijwat heimsinnige kat yn it wyld is net folle bekend. Wat wol sein wurde kin oer dat ûnderwerp, komt oer it algemien fan Aziatyske goudkatten dy't yn finzenskip holden wurde. Dat betsjut dat it net wis is oft de details wol hielendal oerienkomme mei de sitewaasje yn it wyld. Eksimplaren yn finzenskip litte gjin fêste peartiid sjen, mar kinne har it hiele jier rûn fuortplantsje. It wyfke is om 'e 39 dagen maartsk en lit dat blike troch markearrings mei urine efter te litten. Wannear't in mantsje dêrop ôf komt, reägearret it wyfke troch ferwolkomjende lichemshâldings oan te nimmen. By de pearing byt it mantsje it wyfke yn it nekfel. Nei de pearing hat it mantsje fierders neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean.
Nei in draachtiid fan 78–80 dagen smyt it wyfke op in beskut plak in nêst fan 1–3 jongen. De jongkatsjes weagje by de berte 220–250 g, mar fertrijedûbelje yn gewicht yn in perioade fan 8 wiken. Se komme te wrâld mei in yngroeide pels mei itselde patroan as dy fan folwoeksen yndividuën, mar binne by de berte wol noch blyn. De eachjes geane iepen mei 6–12 dagen. Mei likernôch in healjier wurde de jongen ôfwûn. Wyfkes binne mei 18–24 moannen geslachtsryp, mar mantsjes net earder as mei 24 moannen. Yn finzenskip hawwe Aziatyske goudkatten in libbensferwachting fan maksimaal 20 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aziatyske goudkatten binne karnivoaren, dy't jacht meitsje op fûgels, hazze-eftigen, kjifdieren, reptilen en lytse evenhoevigen, lykas muntjaks en jonge sambars (Rusa unicolor) (in soarte hart). Nei't it skynt binne se by steat om proaien oermânsk te wurden dy't folle grutter binne as sysels, lykas keallen fan 'e wylde wetterbuffel (Bubalus arnee). Yn 'e Himalaya fan Sikkim (in dielsteat fan Yndia) skine Aziatyske goudkatten jacht te meitsjen op goarals (in type antilopes).
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Aziatyske goudkat binne gruttere kateftigen, lykas de tiger (Panthera tigris) en it loaihoars (Panthera pardus). Jongen binne kwetsber foar folle mear rôfdieren, lykas martereftigen en grutte rôffûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aziatyske goudkat hat de IUCN-status fan "gefoelich". It ferspriedingsgebiet fan dit bist omfettet guon fan 'e fluchst ûntwikkeljende lannen fan 'e wrâld, lykas Yndia, Tailân, Maleizje en Sina. Hoewol't de populaasje fan 'e Aziatyske goudkat oant no ta ridlik stabyl liket te wêzen, bestiet de frees dat habitatferlies, habitatfragmintearring en ûntbosking dit bist yn 'e neie takomst yn it nau bringe sille.
Op it fêstelân fan Súdeast-Aazje en yn Sina spilet ek streuperij in rol. Dêrby giet it de dieders benammen om 'e pelzen. De Aziatyske goudkat is sadwaande tafoege oan Taheakke I fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. Yn Bangladesj, Birma, Fjetnam, Yndia, Yndoneezje, Maleizje, Nepal, Sina en Tailân is de jacht op dit bist hielendal ferbean. Yn Laos is jacht regulearre en binne jagers fergunningplichtich. Yn Bûtan mei de Aziatyske goudkat bûten beskerme natoergebieten gewoan bejage wurde. Hoe't it datoangeande yn Kambodja sit, is ûnbekend.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e Aziatyske goudkat (Catopuma temminckii):
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Goudkat
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Tailân

