Aziatyske gapper
| Aziatyske gaper | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anastomus oscitans | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Aziatyske gapper (Anastomus oscitans) is in grutte waadfûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). De fûgel stiet bekend om syn bysûndere snavel, dy't by folwoeksen fûgels in opfallende iepening tusken de boppe- en ûndersnaffel hat.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Aziatyske gapper is in middelgrutte eibert mei in lingte fan likernôch 68 oant 81 sm. It fearrekleed is meastentiids griis-wyt, wylst de slachpinnen yn 'e wjukken en de sturt glânzjend swart binne. De poaten binne rôze-eftich oant griis. It meast opfallende skaaimerk is de krêftige, grize snaffel; de boppe- en ûndersnavel reitsje inoar allinnich by de punt, wêrtroch't der in gat of gap yn 'e midden ûntstiet. Dat is gjin ôfwiking, mar in spesjale oanpassing foar it iten.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt algemien foar yn it suden fan Aazje, fan Yndia en Sry Lanka oant Súdeast-Aazje. De fûgel is fral te finen yn sompen, marren, rysfjilden en oare wiete gebieten. De Aziatyske gapper is nau besibbe oan 'e Afrikaanske gapper (Anastomus lamelligerus), de iennichste oare soarte yn it skaai fan 'e gapperearrebarren.
De skaaien binne monomorf. It iennichste lytse ferskil is dat de mantsjes oer it algemien in fraksje grutter binne en in wat langlangere snavel hawwe kinne as de wyfkes, mar yn it fjild is dat hast net te sjen.
Jonge fûgels wurde berne mei in rjochte snavel, de gap ûntstiet pas as de fûgel âlder wurdt. Ynstee fan it heldere griis-wyt hawwe jongen in mear brún-griis fearrekleed op 'e kop, hals en it boarst.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels yn it skaai binne spesjalisten yn it iten fan weakdieren, benammen grutte swietwetterslakken fan it skaai Pila. Troch de brike snavel kinne se de slakken út harren hûske helje. Njonken slakken frette se ek kikkerts, hagedissen en oare lytse wetterdieren.
Se briede yn koloanjes, faak yn beammen dy't yn it wetter steane, tegearre mei oare wetterfûgels lykas reagers en ielguozzen. It briedseizoen ferskilt per regio en is nau ferbûn mei de reintiid. Yn Noard-Yndia briede se meastentiids tusken july en septimber, wylst se yn it suden fan Yndia en op Sry Lanka fan novimber oant maart briede. In wyfke leit meastentiids 2 oant 5 aaien dy't yn 27 oant 30 dagen útbret wurde. Hoewol't de measte gappers monogaam binne, komt polygamy ek foar wêrby't meardere wyfkes ien nêst diele en de jongen tegearre grutbringe. Sokke nêsten binne ornaris tige suksesfol.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. Hoewol't de fûgel ôfhinklik is fan sompen, binne de populaasjes yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet stabyl of sels oan it groeien troch de oanwêzigens fan rysfjilden dêr't in soad iten te fine is.
Betsjutting namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme Anastomus komt út it Gryksk en betsjut 'mei in mûle dy't iepen stiet'. De soartnamme oscitans komt út it Latyn en betsjut 'gapje'. Beide nammen ferwize dus nei de karakteristike snaffelfoarm dy't de fûgel it uterlik jout fan in bist dat altyd de snaffel wat iepen hat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gapperearrebarre
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
