Aziatyske fiskûlen
| Aziatyske fiskûlen | ||
| De brune fiskûle (Ketupa zeylonensis). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
| tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | ûle-eftigen (Strigiformes) | |
| famylje: | ûlefûgels (Strigidae) | |
| ûnderfamylje: | echte ûlefûgels (Striginae) | |
| tûke: | oehoefûgels (Bubonini) | |
| skaai: | Aziatyske fiskûlen (Ketupa) | |
| Lesson, 1830 | ||
De Aziatyske fiskûlen (wittenskiplike namme: Ketupa), ek wol koartwei fiskûlen neamd, hoewol't dat ta betizing liede kin mei de Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia), foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae), de ûnderfamylje fan 'e echte ûlefûgels (Striginae) en de tûke fan 'e oehoefûgels (Bubonini). Ta dit skaai hearre 12 soarten ûlen, wêrfan't njoggen op basis fan in ûndersyk út 2020 oerpleatst binne út it nau besibbe skaai fan 'e oehoes (Bubo). Ta de Aziatyske fiskûlen heart ek de grutte fiskûle (Ketupa blakistoni), dat ien fan 'e grutste ûlen fan 'e wrâld is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e Aziatyske fiskûlen waard yn 1830 yntrodusearre troch de Frânske soölooch René Lesson foar de fiskûlen út Java en Britsk-Ynje. De typesoarte fan it skaai is (op basis fan tautonymy) de Maleiske fiskûle (Ketupa ketupu). De wittenskiplike namme fan it skaai komt út it Maleisk en is ûntliend oan it wurd ketupok, dat de lânseigen namme foar de Maleiske fiskûle is.
It skaai fan 'e Aziatyske fiskûlen telde 190 jier lang mar trije soarten: de Maleiske fiskûle, de brune fiskûle (Ketupa zeylonensis) en de Himalayafiskûle (Ketupa flavipes). In nij ûndersyk nei de molekulêre fylogeny fan 'e famylje fan 'e ûlefûgels brocht lykwols yn 2020 oan it ljocht dat guon soarten út it skaai fan 'e oehoes (Bubo) nauwer besibbe wiene oan soarten út 'e skaaien fan 'e Aziatyske fiskûlen en de Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia) as oan oare soarten oehoes. Dat betsjutte dat it skaai fan 'e oehoes yn 'e doetiidske steat parafyletysk en dus ûnjildich wie.
Nei't in oar ûndersyk út 2021 de útkomsten fan it earste ûndersyk befêstige hie, waard besletten om it probleem op te lossen troch njoggen soarten oehoes oer te pleatsen nei it skaai fan 'e Aziatyske fiskûlen. Dat krige doe tolve soarten en waard dêrmei yn ien klap fjouwer kear sa grut as earder. Fjouwer fan 'e oerpleatste soarten, de Akûnoehoe (Ketupa leucosticta), de Filipynske oehoe (Ketupa philippensis), de Koromandeloehoe (Ketupa coromanda) en Shelley's oehoe (Ketupa shelleyi), waard winliken gjin ûndersyk nei dien foar harren oerpleatsing. Ynstee waard op basis fan morfologyske likenis mei de oare oerpleatste soarten oannommen dat sy ek nauwer oan 'e Aziatyske fiskûlen besibbe wiene. De Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia) waarden foarearst beholden as in selsstannich skaai, hoewol't de útkomsten fan 'e ûndersiken oanjoegen dat it skoan kinne soe dat dy fûgels eins ek by de Aziatyske fiskûlen thúshearre.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
