Springe nei ynhâld

Azerbeidzjaanske Fuotbalfederaasje

Ut Wikipedy
Azerbeidzjaanske Fuotbalfederaasje
Azərbaycan Futbol Federasiyaları Assosiasiyası
algemiene ynformaasje
ôfkoarting AFFA
sport Fuotbal
lân Azerbeidzjan
regio Jeropa
haadkantoor Bakû
foarsitter Rovnag Abdullayev
oprjochte 1992
wrâldbûn FIFA
kontinintale bûn UEFA
offisjele webside
affa.az
Temaside  Sport

De Azerbeidzjaanske Fuotbalfederaasje (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan Futbol Federasiyaları Assosiasiyası, AFFA) is it Azerbeidzjaanske fuotbalbûn en is de organisaasje dy’t yn Azerbeidzjan de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. Ek fersoarget it bûn de wedstriden fan it Azerbeidzjaanske alvetal. Fierder ûntwikkelet en organisearret it de bedriuwstak fuotbal. It partisipearret ek yn maatskiplike projekten. AFFA waard yn 1992 oprjochte. It waard yn 1994 lid fan de FIFA en fan de UEFA. It haadkwartier stiet yn Bakû.

De AFFA stiet noed foar de trije heechste difyzjes fan Azerbeidzjan:

  1. Azerbeidzjaanske Premier Liga
  2. 1. Difyzje
  3. 2. Difyzje

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.