Springe nei ynhâld

Ayrshire (ko)

Ut Wikipedy
Ayrshireko

Ayrshire is in koweras, ferneamd nei it greefskip Ayrshire yn Skotlân.

De trochsneed folkwoeksen Ayrshireko waacht 450-600 kg. Ayrshires hawwe in reade tekening. It 'read' rint fan oranje nei donkerbrún, mei of sûnder kleur oan de poaten. Opfallend binne de wite hoarnen mei licht nei efteren bûgde swarte punten. It ras is sterk, kin âld wurde, kin gers op in effisjinte wize yn molke omsette en it kealjen ferrint meast sûnder swierrichheden.

De Ayrshire wurdt it measte fokt yn Finlân en Kenia, mar wurdt ek hâlden yn de Feriene Steaten, Kanada en Nij-Seelân.

Produksjesifers út Finlân yn 1986: 245.000 kij mei in molkproduksje fan 5821 kg, mei 4,45 % fet en 3,27 % aaiwyt.

It ras kaam yn de 1960er jierren de Fleckvieh út fuort en yn de jierren '80 waard it ynkrúst by de Angler en it Deensk readfee.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]