Aylvastate (Skraard)

Ut Wikipedy

Aylva State is in eardere state oan 'e wei fan Skraard nei Wûns dêr 't iuwenlang leden fan it Fryske geslacht Fan Aylva wenne hawwe.

Yn 1500 wenne Sjoerd Epes Aylva (1476 -1509) dêr, dy't fjildhear fan it Fryske leger wie. Yn dat jier belegere hy de hartoch fan Saksen yn Frjentsjer. Hy ferdronk te Skraard yn it jier 1508 by in swiere wetterfloed, dy 't yndertiid dy kontreien streken teheistere.

Twa leden fan it laach lizze yn de grêfkelder yn de tsjerke fan Skraard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: