Aylvastate (Filens)
De Aylvastate fan Filens wie in stins fan 'e Fryske aadlike laach Fan Aylva op 'e terp fan Filens. Filens wie in buorskip súdeastlik fan Wytmarsum, mar heart sûnt in weryndieling yn 1949 by Skettens.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fan Aylva's wiene in wichtich laach en 11 telgen fan 1456 oant fier yn 'e 18e iuw wiene grytman fan Wûnseradiel. Yn 1421 wenne op 'e stins, ek wol Bongastins of Nijstinstra neamd, Tsjaard Aylva, dy't belutsen wie yn 'e tsierderijen tusken Skieringers en Fetkeapers.
Wannear't de stins ôfbrutsen wie, is net bekend, mar nei alle gedachten waard om 1711 hinne op dat plak in pleats, ek mei de namme Aylvastate, boud. De pleats wie oant yn 'e 19e iuw yn besit fan 'e lêste leden fan 'e famylje Fan Aylva. De pleats stie it tichtste by de Wytmarsumer Feart fan alle trije pleatsen op Filens.
Yn 1930 waard de pleats ôfbrutsen en mear nei it easten ta, oan 'e oare kant fan 'e Filenserwei by de buorskip Bittens weropboud, dy't de namme "Nij Aylvastate" krige. Yn 1995 waard dy pleats ek wer ôfbrutsen.
Fan de âlde Aylvastate is hjoed-de-dei neat mear fan werom te sjen en is hjoed-de-dei part fan in stik greidlân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|