Avro Vulcan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Avro Vulcan

Avro Vulcan Bomber RAF.JPEG

Rol Strategyske bommesmiter
Makker A V Roe & Co (Avro), Hawker Siddeley Aviation
Earste flecht 30 augustus 1952
Yn tsjinst 20 july 1956
Ut tsjinst Maart 1984
Tal makke 136 (prototypes meirekkene, fan 1956-1965)
Brûkers Royal Air Force
Farianten B.1, B.1A, B.2, B.2A, K.2 en SR.2

De Avro Vulcan wie in swiere strategyske bommesmiter mei subsoanyske snelheid fan de Britske fleanmasinefabrikant A.V. Roe and Company. It tastel mei deltafleugels fleach foar it earst op 30 augustus 1952 en tsjinne by de Royal Air Force fan 1960 oant 1984 en hearde by part de Westerske nukleêre ôfskrikkingsmacht yn de Kâlde Kriich.

Vulcan mei iepen bommeromte

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Avro Vulcan waard nei de Twadde Wrâldoarloch ûntwurpen meidat de RAF ferlet hie fan in nije strategyske bommesmiter. Dy moast oan folgjende easken foldwaan:

  • in grut fleanberik
  • in grutte wapenlading meinimme kinne
  • in hege topsnelheid
  • op grutte hichte operearje kinne
  • maklik te ûnderhâlden wêze
  • oeral ynsetber wêze

De firma’s Vickers, Avro en Handley Page waarden frege om tastellen te ûntwerpen dy't oan dy easken foldiene.
Dat hie as risseltaat de RAF V-FORCE, in loftfloat dy't út bommesmiters fan de types Vickers Valiant, Avro Vulcan en Handley Page Victor bestie. Avro wie de iennige fabrikant dy't syn ûntwerp, de Vulcan, mei deltafleugels útrist hie. De sturtfleugels misten en wiene yntegrearre yn de fier nei efteren sette grutte deltafleugels.

De Vulcan hie in bemanning fan 5 persoanen: 2 fleanders, 1 navigator, 1 radar operator en 1 electronic warfare operator en hie in yntern bommerûm dat ynearsten ornearre wie foar 2 atoombommen fan it type Yellow Sun Mk 1 en letter foar de WE.177. Dat de Vulcan wie yn it begjin in strategyske bommensmiter ornearre foar operaasjes op grutte hichten.

Rillegau waarden de tastellen lykwols oanpast; se krigen foarsjennings om yn de flecht bytenkt wurde te kinnen, in ferbettere oanfalsradar en in langere romp. Sadwaande koe de Britske Blue Steel-raket en de Skybolt-raket dêr't de USAF noch oan wurke meinaam wurde.
De Skybolt waard lykwols net troch de RAF oankocht en de Britske Blue Steelraket waard út tsjinst helle en ferfongen troch de Polaris-raket dy't troch ûnderseeboaten fan de Royal Navy ôfsketten wurde koene. Dêrtroch feroare de rol fan de Vulcan yn in op legere hichten operearjende penetraasjebommesmiter foar sekuere konvinsjonele wapens. Dêrom krige er in tige avansearre en breed systeem foar Electronic countermeasures (ECM).

De tastellen bleaune operasjoneel oant healwei tachtiger jierren. Earst nei de Falklânkriich, dêr't se yn meidiene oan Operatie Black Buck (it bombardearjen fan Argentynske troepen en foarrieden op it fleanfljild by Port Stanley), waarden se út tsjinst helle.

De Vulcans wiene operasjoneel by de folgjende ûnderdielen.

  • No. 9 Squadron, basis RAF Marham
  • No. 12 Squadron basis RAF Lossiemouth
  • No. 27 Squadron basis RAF Scampton
  • No. 35 Squadron basis RAF Waddington
  • No. 44 Squadron basis RAF Waddington
  • No. 50 Squadron basis RAF Waddington
  • No. 83 Squadron basis RAF Brize Norton
  • No. 101 Squadron basis RAF Lossiemouth
  • No. 617 Squadron basis RAF Lossiemouth
  • No. 230 Operational Conversion Unit

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vulcan B. Mk.2
Gegevens Vulcan B. Mk.2
Bemanning 5
Oandriuwing 4 × Turbojet-strielmotors Rolls-Royce Olympus Mk301 fan 88,9 kN it stik
Heechste faasje 1.038 km/o op 12.000 m
Tsjinstplafond 19.810 m
Fleanberik 7.400 km
Lingte 30,40 m
Hichte 8,20 m
Spanwiidte 33,80 m
Fleugeloerflak 368,20 m²
Maks. startgewicht 90.800 kg (77.200 kg, B.1)[1]
Navigaasje H2S-Radar, Navigaasjeradar, Bombenabwurfsystem, TACAN, ECM
Bewapening Blue Steel CM, AGM-48 Skybolt, 454 kg bommen (yn it bomrom),
AGM-45 Shrike als Radarabwehrwaffe (erst zur Operation „Black Buck“),
maks. wapenfracht sa'n 9500 kg

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A.J. Jackson: Avro Aircraft since 1908. Second edition, Putnam Aeronautical Books, Londen 1990, S.429