Avengers: Infinity War
Avengers: Inifinity War is in Amerikaanske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Robert Downey jr., Chris Hemsworth, Zoe Saldaña, Chris Pratt, Josh Brolin, Mark Ruffalo, Chris Evans, Scarlett Johansson, Benedict Cumberbatch, Tom Holland en Elizabeth Olsen. De titel betsjut "Wrekers: Uneinichheidsoarloch". De film is basearre op 'e strip mei deselde namme fan Stan Lee en Jack Kirby, en makket diel út fan 'e filmrige fan it Marvel Cinematic Universe. Yn dy searje folget Avengers: Infinity War op Black Panther en wurdt er sels folge troch Ant-Man and the Wasp, allebeide ek út 2018. It direkte ferfolch op Avengers: Infinity War, dat einiget mei in cliffhanger, is Avengers: Endgame út 2019.
It ferhaal folget de superheldegroepen de Avengers en de Guardians of the Galaxy, dy't mei de help fan alderhanne oare superhelden besykje de Uneinichheidsstiennen út 'e hannen fan 'e sljochtsinnige god Thanos te hâlden. Mei de stiennen soed er nammentlik almachtich wêze, en syn doel is om 'e helte fan alle libben yn it hielal mei in knip fan syn fingers út te rûgjen om 'e "natoer wer yn balâns te bringen", sa't er it sels neamt. Avengers: Infinity War krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2018 en de op fjouwer nei meast opbringende film aller tiden. Avengers: Infinity War waard nominearre foar de Oscar foar bêste special effects en ferskate oare prizen, en wûn in Saturn Award.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De selsútroppen god Thanos hat it genosidale plan opfetten om 'e helte fan alle libben yn it hielal út rûgjen as remeedzje tsjin oerbefolking. Om syn doel te berikken hat er ferlet fan alle seis Uneinichheidsstiennen: de Stiennen fan Macht, Romte, Reäliteit, Siel, Tiid en Ferstân, dy't oerbliuwsels binne fan it ûntstean fan it hielal. Nei't er by syn oerweldiging fan 'e planeet Xandar de Stien fan Macht yn 'e hannen krigen hat, ûnderskeppe Thanos en syn neiste ûnderhearrigen Ebony Maw, Cull Obsidian, Proxima Mignight en Corvus Glaive it romteskip dat de flechtlingen fan 'e planeet Asgard nei de Ierde bringt. Dêrby wurdt Thanos de god Thor oermânsk, dy't by de ferwoastging fan Asgard (sjoch: Thor: Ragnarok) sawol syn kriichshammer Mjöllnir as in each kwytrekke is. Ek ferslacht er, troch gebrûk te meitsjen fan 'e Stien fan Macht, de Hulk, dy't him by de Asgardsters jûn hat.
Thor syn ferriedlike broer Loki langet neitiid de Tesseract oan Thanos oer, in artefakt dat de Stien fan Romte befettet. Hy knibbelet del foar Thanos en swart him trou, mar besiket him dan fuortendaliks dea te stekken. Thanos hat him lykwols troch en ûntwapenet him om him dêrnei te deadzjen, ta machteleaze razernij fan 'e helpleaze Thor. De swierferwûne Heimdall, de bêste freon fan Thor, brûkt de magy fan 'e Bifrǫst, de Reinbôgebrêge, om 'e bewusteleaze Hulk nei de Ierde te stjoeren. By wize fan represaille deadet Thanos Heimdall, wêrnei't hy en syn ûnderhearrigen it romteskip ferlitte om it dêrnei te ferneatigjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Hulk stoart del yn it Sanctum Sanctorum fan New York, dêr't er wer syn minsklike foarm fan Bruce Banner oannimt. Hy warskôget de tsjoenders dokter Stephen Strange en Wong dat Thanos op kommendeweis is om 'e Uneinichheidsstiennen te stellen, en teffens oer wat er fan doel is as er dy allegearre bemachtige hat. Strange hellet Tony Stark alias Iron Man derby en Banner wol dat dy de Avengers gearropt. Mar Stark fertelt him dat de Avengers net mear besteane, om't it superheldeteam oan ûnderlinge ûnienichheid te sink gien is (sjoch: Captain America: Civil War).
Ebony Maw en Cull Obsidian arrivearje mei in romteskip yn New York om 'e Stien fan Tiid te stellen dy't Strange op 'e noed hat. Strange, Wong en Stark, yn syn alter ego fan Iron Man, besykje har tsjin te kearen, wylst it Banner net slagget om 'e Hulk te foarskyn komme te litten. By de slaanderij wurdt gâns skea oanrjochte, wat de oandacht fan Peter Parker alias Spider-Man lûkt, dy't him ek yn it gefjocht mingt. As it Ebony Maw net slagget om Strange de Stien fan Tiid ôf te nimmen, omreden fan in tsjoen dy't Strange dêroerhinne lein hat, nimt er ynstee Strange finzen (dy't de Stien oan in keatling om 'e hals draacht). Wannear't er dêrnei ôfset yn syn romteskip, befine Tony Stark en Peter Parker har as fersteklingen oan board, wylst Wong efterbliuwt om it Sanctum Sanctorum te beskermjen.
Underwilens komme de Guardians of the Galaxy ôf op 'e needoprop fan it Asgardyske romteskip, dêr't se Thor noch libben oantreffe wylst er yn it fakuum fan 'e romte omdriuwt. Se rêde him, en mei't se gjin freonen fan Thanos binne, biede se harren help oan om dyselde tsjin te kearen. Thor riddenearret dat Thanos no nei Knowhere gean sil, dêr't Taneleer Tivan, byneamd de Samler, de Stien fan Reäliteit yn besit hat. Wylst de genetysk manipulearre waskbear Rocket en de rinnende en pratende bûtenierdske beam Groot mei Thor nei Nidavellir reizgje, dêr't Thor in nij wapen hopet oan te skaffen fan 'e dwergen, sette Peter Quill alias Star-Lord, Gamora, Drax de Ferneatiger en Mantis nei Knowhere ta om Thanos op te wachtsjen.
It docht lykwols bliken dat Thanos harren foar is en de Stien fan Reäliteit al bemachtige hat. Troch gebrûk te meitsjen fan 'e krêften fan dy Uneinichheidsstien lit er Quill-en-dy deryn rinne en kin er syn eardere pleechdochter Gamora finzen nimme en ûntfiere. Op Nidavellir ûntdekke Thor en Rocket dat Thanos dêr ek al west hat, en dat de dwergen foar him de Uneinichheidswant makke hawwe, in magyske pânserwant dêr't er de Uneinichheidsstiennen yn fêstset. Neitiid hat er alle dwergen fermoarde, útsein harren kening, Eitri, waans hannen oft er sa skeind hat dat er nea wer in wapen meitsje kin. Mar mei de kennis dy't Eitri besit, smeit Thor foar himsels de magyske striidbile Stoarmbrekker, dêr't Groot fan syn eigen hout in stâle oan jout.
Gamora bringt oan Thanos de lokaasje út fan 'e Stien fan Siel, nei't er har tasjen litten hat hoe't er har suster Nebula martelet (dy't er finzen nommen hat nei't se besocht hie him te fermoardzjen). Gamora liedt Thanos nei de planeet Vormir ta, dêr't Johann Schmidt alias Red Skull, dy't by wize fan straf de bewekker fan 'e Stien fan Siel wurden is, harren fertelt dat dizze Uneinichheidsstien inkeld te krijen is foar lju dy't der immen foar opofferje fan wa't se hâlde. Gamora mient dat dy regel Thanos in stôk yn 'e speaken stekt dêr't gjin oplossing foar is, mar it docht bliken dat Thanos op syn eigen ferwrongen wize wier fan Gamora hâldt. Om 'e Stien fan Siel te bemachtigjen, smyt er har oer de râne fan in ôfgrûn, dat se te pletter falt en it bestjert.
Op 'e Ierde wurde Vision en Wanda Maximoff alias Scarlet Witch, dy't temûk minners wurden binne, yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh oanfallen troch Corvus Glaive en Proxima Midnight. Dyselden wolle de Stien fan Ferstân stelle, dy't yn 'e foarholle fan 'e keunstmjittige yntelliginsje Vision stiet. Se wurde lykwols ferjage as de fuortflechtige eardere Avengers Steve Rogers alias Captain America, Natasha Romanoff alias Black Widow en Sam Wilson alias Falcon op it toaniel ferskine. Yn 'e mande mei Vision en Wanda siket dat trio neitiid beskûl yn it âlde haadkertier fan 'e Avengers, dêr't kolonel James Rhodes alias War Machine harren ferwolkommet, ek al wurdt him dat ferbean troch de rjochtlinige Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Thaddeus Ross. Vision freget Wanda om 'e Stien fan Ferstân te ferneatigjen, mar hja wegeret dat om't dat syn dea betsjutte soe. Rogers betinkt in oare oplossing, en de hiele groep reizget ôf nei it Afrikaanske lân Wakanda, dat oer de technology beskikt om 'e Uneinichheidsstien en Vision faninoar te skieden sûnder him te deadzjen.
Yn it romteskip fan Thanos wit Nebula yn syn ôfwêzigens oan syn trewanten te ûntsnappen, wêrnei't se in berjocht nei de Guardians of the Galaxy stjoert om harren te freegjen har te moetsjen op Titan, de ferwoastge thúswrâld fan Thanos. Oan board fan it romteskip fan Ebony Maw wurdt dokter Strange foltere om 'e Stien fan Tiid op te jaan. Mar Iron Man en Spider-Man komme fanwegen en rêde him troch Ebony Maw de romte yn te blazen. Op 'e autopiloat berikke se Titan, dêr't se delstoarte. Dêr folget in betize konfrontaasje mei Quill, Drax en Mantis foar't beide groepen ûntdekke dat se oan deselde kant steane. Troch de Stien fan Tiid te brûken, besjocht Strange miljoenen mooglike takomsten, mar hy fynt mar ien wêryn't Thanos tsjinholden wurdt.
Wannear't Thanos op Titan ferskynt, presintearret er himsels oan 'e Avengers en de Guardians as rêder fan it hielal. Nebula arrivearret fuort letter en helpt de Avengers en de Guardians om him oermânsk te wurden. Ut it feit dat Thanos de Stien fan Siel op 'e Uneinichheidswant pleatst hat, liedt Nebula ôf dat er Gamora fermoarde hawwe moat. As se dat ûnferstannigernôch lûdop seit, wurdt Quill, dy't mei Gamora yn in romantyske relaasje behelle is, poerrazen. Hy falt Thanos sûnder nei te tinken oan en bedjert dêrmei it soarchfâldich optochte plan fan 'e Avengers en de Guardians. Thanos, dy't troch de telepatyske fermogens fan Mantis heal yn 'e sûs brocht wie, komt dêrtroch wer ta besleur en brekt los. Yn it dêropfolgjende gefjocht rekket Tony Stark swierferwûne, wylst de measte oaren troch Thanos bewusteleas slein wurde. Thanos driget Stark te deadzjen, mar Strange jout him de Stien fan Tiid yn ruil foar Stark syn libben.
Yn Wakanda wurdt Steve Rogers alias Captain America weriene mei syn âlde freon Bucky Barnes, de Wintersoldaat. Vision wurdt oerdroegen oan 'e briljante wittenskipster prinsesse Shuri, de jongere suster fan kening T'Challa alias Black Panther. Sy is der wis fan dat se him en de Stien fan Ferstân faninoar skiede kin, mar dêr is se wol tiid foar nedich. Dy kriget se lykwols net, want fuort nei't se mei de komplekse operaasje úteinset is, arrivearje Corvus Glaive, Proxima Midnight en Cull Obsidian mei in grutte kloft meunsters om in ynvaazje fan it Afrikaanske keninkryk te begjinnen. De Avengers en Black Panther, mei by harren de Dora Milaje ûnder generaal Okoye en it leger fan Wakanda geane de striid oan en besykje de fijân tsjin te kearen. Troch de nûmerike oermacht wurde se lykwols ûnder de foet rûn, oant fia de Bifrǫst ynienen Thor op it slachfjild arrivearret, mei by him Rocket en Groot. De god fan 'e tonger makket koarte metten mei de klibers meunsters fan Thanos, en mei feriene krêften wurde Corvus Glaive, Proxima Midnight en Cull Obsidian ferslein en deade.
Mar it slagget Shuri net om 'e operaasje fan Vision te foltôgjen ear't Thanos op 'e Ierde arrivearret. Vision smeket Wanda op 'e nij om 'e Stien fan Ferstân te ferneatigjen, en dêrmei himsels ek, foar't Thanos de stien besette kin. Mei uterste tsjinnichheid foldocht sy op it alderlêste momint oan syn winsk. Mar Thanos brûkt de Stien fan Tiid om 'e tiid in lyts eintsje werom te draaien, wêrnei't er de Stien fan Ferstân út 'e foarholle fan Vision skuort en dyselde dêrmei fermoardet. Hy hat no alle Uneinichheidsstiennen yn 'e hannen, en nei't er de Stien fan Ferstân op syn Uneinichheidswant set hat, is er ree om syn libbensdoel te folbringen. Thor falt Thanos oan en ferwûnet him swier mei de striidbile Stoarmbrekker, mar dat is net genôch om foar te kommen dat er syn plan útfiere kin troch mei de fingers te knippen en himsels dêrnei fuort te teleportearjen.
Sa't Thanos wol, ferdwynt dêrnei de helte fan alle libbene organismen yn it hielal troch útinoar te fallen ta stof dat ferwaait op 'e wyn. Dat lot treft ek Chucky Barnes, T'Challa, Groot, Wanda Maximoff, Sam Wilson, Drax de Ferneatiger, Mantis, Peter Quill, dokter Strange en Peter Parker. Stark en Nebula bliuwe allinnich efter op it ferwoastge Titan, wylst Thor, Rocket, Rogers, Banner, Natasha Romanoff, kolonel Rhodes en generaal Okoye op it slachfjild yn Wakanda omdôch nei harren freonen sykje. Underwilens sjocht in fan syn wûnen genêzen Thanos op in planeet fierôf ta hoe't in frjemde sinne ûndergiet.
Healwei de ôftiteling folget in sêne wêryn't te sjen is hoe't ek Nick Fury, de oprjochter fan 'e Avengers, en syn assistinte Maria Hill ta stof útinoar falle. De lêste die fan Fury is om fia in sterk modifisearre piper in needoprop te ferstjoeren (dy't rjochte is oan Carol Danvers alias Captain Marvel, sjoch: Captain Marvel).
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Iron Man / Tony Stark | Robert Downey jr. |
| Thor | Chris Hemsworth |
| Gamora | Zoe Saldaña |
| Star-Lord / Peter Quill | Chris Pratt |
| Thanos | Josh Brolin |
| de Hulk / Bruce Banner | Mark Ruffalo |
| Captain America / Steve Rogers | Chris Evans |
| Black Widow / Natasha Romanoff | Scarlett Johansson |
| dr. Stephen Strange | Benedict Cumberbatch |
| Spider-Man / Peter Parker | Tom Holland |
| Scarlet Witch / Wanda Maximoff | Elizabeth Olsen |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oktober 2014 kundigen de Marvel Studios in twadielige ferfolchfilm oan op The Avengers (2012) en Avengers: Age of Ultron (2015). De wurktitels foar dy beide dielen wiene yn 't earstoan Avengers: Infinity War Part 1 en Avengers: Infinity War Part 2. Hoe't de Marvel Studios it plottechnysk ek yninoar skroeve woene, yn 'e praktyk gie it fansels om twa ûnderskate films. It wie de bedoeling om dy efterinoar oan op te nimmen, en dêrnei de postproduksje (filmmontaazje, special effects, ensfh.) fan 'e beide films ek efterinoar oan te dwaan.
De bruorren Anthony en Joe Russo waarden yn april 2015 ynhierd om 'e rezjy te fieren oer it meunsterprojekt. De beide senario's waarden skreaun troch it senaristeduo Christopher Markus en Stephen McFeely. Sy basearren de personaazjes op 'e stripsearje The Avengers fan Stan Lee en Jack Kirby, dy't sûnt 1963 by útjouwerij Marvel Comics útkommen wie, en putten foar it ferhaal út 'e stripalbums The Infinity Gauntlet fan Jim Starlin út 1991, en Infinity fan Jonathan Hickman út 2013. De kamerarezjy fan 'e beide films wie yn 'e hannen fan Trent Opaloch, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.
As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Neffens him soene de films twa dúdlik op harsels steande projekten wêze en net ien ferhaal dat midstwa snien wie. (Mar neffens filmkritisy wie dat lêste persiis wat de beide einprodukten wiene.) Yn elts gefal waard yn maaie 2016 besletten om 'e films ferskillende titels te jaan. De earste film behold de namme Avengers: Infinity War, wylst de twadde film Avengers: Endgame kaam te hjitten. Foar Avengers: Infinity War wie in budget beskikber dat neffens de webside Deadline Hollywood $325 miljoen bedroech. Dêrmei wie it ien fan 'e djoerste films aller tiden. In oansjenlik diel dêrfan gie op oan 'e salarissen fan 'e ûnderskate haadrolspilers. Sa fertsjinnen sawol Chris Evans (Captain America) as Chris Hemsworth (Thor) $15 miljoen foar harren meiwurking oan Avengers: Infinity War.

Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Avengers: Infinity War setten op 23 jannewaris 2017 útein. Dêrby waard gebrûk makke fan 'e mei opset sin misliedende wurktitel Mary Lou, om foar te kommen dat de filmsets ûnder de foet rûn wurde soene troch oerentûsjaste fans. De measte sênes waarden filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios (no de Trilith Studios) yn Fayetteville, in foarstêd fan Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia.
Dêrnjonken waard op lokaasje filme yn 'e binnenstêd fan Atlanta en yn 'e New Yorkske borough Queens, en teffens yn 'e Skotske Heechlannen, wylst yn súdlik Skotlân studiowurk plakfûn yn it studiokompleks fan 'e Wardpark Film and Television Studios yn Cumbernauld. Foar ien fan 'e lêste sênes fan 'e film, wêryn't Thanos de sinne ûndergean sjocht op in ûnbekende planeet, waard gearwurke mei de Taiske filmstudio Indochina Productions om oan bylden te kommen fan 'e Rysterrassen fan Banaue yn 'e noardike Filipinen.
Postproduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e postproduksje waarden de special effects oan 'e film tafoege. Dy wiene makke troch û.o. Industrial Light & Magic (ILM) fan George Lucas, it Nijseelânske Weta Digital, Method Studios, Digital Domain en Lola VFX.

Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Avengers: Infinity War waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company, dat de eigner fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 23 april 2018 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 27 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 maaie 2018 by platemaatskippijen Hollywood Records en Marvel Music. Avengers: Infinity War kaam op 31 july 2018 beskikber as digitale download en waard op 14 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Avengers: Infinity War oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter it fermogen fan 'e regisseurs en senarioskriuwers om 'e grutte cast yn lykwicht te hâlden, dy't er omskreau as "in ferkearsopstopping fan ego's". Dêr wie Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety it mei iens. Neffens him wie de film "in balstjurrich fermaaklike reüny, dêr't struktuer oan jûn is troch eltse held en heldinne te toanen en harren krekt genôch dwaan te litten". Hy hie ek lof foar de aksjesênes yn 'e film, dy't er "spannend" en "spektakulêr" neamde.
Yn it blêd Rolling Stone fûn Peter Travers Avengers: Infinity War "in bytsje té". Hy skreau: de bruorren Russo hawwe dúdlik noch nea heard fan it idee 'minder is mear'." Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times neamde de film "it grutste en meast ambisjeuze [projekt] fan Marvel oant no ta", mar heakke dêr as konklúzje oan ta: "mar it is beslist net it bêste." Dochs siet der neffens him genôch aksje, humor en piid yn 'e film en teffens "guon effektive dramatyske mominten".
Yn The New York Times hie A.O. Scott in protte krityk op it feit dat de film sa sterk linet op foargeande dielen út it Marvel Cinematic Universe. Hy skreau: "Op himsels beskôge, as ien inkele, 2 oeren en 40 minuten duorjende film, is Avengers: Infinity War frijwol net te folgjen." Richard Brody fan The New Yorker hie fierhinne itselde op 'e film tsjin. Ek Stephanie Zacharek fan it tydskrift Time wie it dêrmei iens; hja wiisde derop dat de earste sêne fan 'e film fuortendaliks al net nei te kommen is foar lju dy't de foargeande MCU-films net sjoen hawwe. Scott joech lykwols ta dat de film "ek nea bedoeld wie om yn isolaasje [fan 'e rest fan it MCU] besjoen te wurden". Mar de aksjesênes fûn Scott "saai en foarsisber". Hy filosofearre dat dy sênes "dochs grif de djoerste dielen fan 'e film binne, mar it jild liket hjir minder in stik ark om fantasij mei ta libben te bringen as in surrogaat foar echte fantasij."

Justin Chang fan 'e Los Angeles Times neamde Avengers: Infinity War de "fuortsetting fan in saga dy't einlings en ferstannigernôch op syn ein liket te rinnen". In protte kritisy hiene lof foar Josh Brolin yn 'e rol fan 'e grutte antagonist Thanos. Neffens Gleiberman wie Brolin de reden dat "it kwea yn dizze film nea ûnpersoanlik oandocht". Oangeande de ûnbefredigjende ein fan 'e film, dy't eins in âlderwetske cliffhanger is, skreau Travers dat it bioskooppublyk him tagelyk optein en bedragen fiele soe. Yn The Hollywood Reporter ferliek Josh Spiegel de ein fan 'e film mei de klassike cliffhanger út Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980): "dit is it mei steroïden ynspuite ekwifalint fan Han Solo dy't beferzen wurdt yn karbonyt."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Avengers: Infinity War in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 492 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] jonglearret feardich mei in tûzelsinnich meitsjend assortimint fan superhelden út it Marvel Cinematic Universe yn it gefjocht tsjin harren slimste fijân oant no ta, en it resultaat is in spannende, emosjoneel resonearjende kaskreaker dy't (foar it meastepart) syn gigantyske ambysjes wiermakket." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Avengers: Infinity War in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 54 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avengers: Infinity War brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $678,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.369,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $2.048,4 miljoen (oftewol rom $2 miljard). Ofset tsjin it budget fan $325 miljoen betsjut dat in winst fan $1.723,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Dêrmei wie Avengers: Infinity War de meast opbringende film út 'e Marvel Cinematic Universe-rige, de meast opbringende superheldefilm aller tiden en de meast opbringende film út 2018. Ek wie it de op trije nei meast opbringende film aller tiden, nei Titanic (1997), Avatar (2009) en Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). It soe dy titels lykwols mar in jier behâlde, foar't yn 2019 alle rekôrs fan Avengers: Infinity War ferbettere waarden troch it ferfolch Avengers: Endgame.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Avengers: Infinity War waard yn 2019 by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste fisuele effekten. De film waard ek nominearre foar de BAFTA en de Satellite Award yn dyselde kategory. Ek wiene der nominaasjes foar de Grammy Award foar bêste ynstrumintale komposysje, de Hugo Award foar bêste dramtyske presintaasje (lange foarm), de Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju yn in film, en de Annie Award foar bêste personaazjeanimaasje yn in live-actionproduksje. By de Saturn Awards waard Avengers: Infinity War nominearre foar twa prizen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Josh Brolin). De film wûn de Saturn Award foar bêste stripferfilming.
Fierders waard Avengers: Infinity War nominearre foar 2 Critics' Choice Movie Awards, 5 People's Choice Awards, 3 MTV Movie Awards, 6 Teen Choice Awards en 5 Nickelodeon Kids' Choice Awards. De film wûn de People's Choice Awards foar bêste film, bêste aksjefilm en bêste aktrise (Scarlett Johansson), de Teen Choice Awards foar favorite aksjefilm, favorite akteur yn in aksjefilm (Robert Downey jr.) en favorite aktrise yn in aksjefilm (Scarlett Johansson), en de Nickelodeon Kids' Choice Awards fan favorite film en favorite superheld (Robert Downey jr.).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Marvel Cinematic Universe-film
- Amerikaanske superheldefilm
- Amerikaanske science fiction-film
- Romte-aventoerefilm
- Apokalyptyske film
- Ingelsktalige film
- Film fan de Marvel Studios
- Film fan Anthony en Joe Russo
- Film út 2018
- Film oer tsjoenderij
- Film oer goaden
- Film oer bûtenierdske wêzens
- Film oer tiidreizgjen
- Film oer in bûtenierdske ynvaazje fan de Ierde
- Film oer romtefeart
- Film oer in fiktyf lân
- Film oer oerbefolking
- Film oer genoside
- Film oer figilantisme
- Film oer tsjoenders
- Film oer meunsters
- Film basearre op in strip
- Film basearre op de Noardske mytology