Springe nei ynhâld

Autun

Ut Wikipedy
Autun
Hôtel de Ville
Hôtel de Ville
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioBoergonje-Franche-Comté
DepartemintSaône-et-Loire
ArrondissemintAutun
Sifers
Ynwennertal13.172 (2023)[1]
Oerflak61,52 km²
Befolkingsticht.214 ynw./km²
Stêdekloft23.727 (2025)
Hichte280-642 m
Oar
Postkoade71400
TiidsôneUTC +1
Koördinaten46°57' N 4°17' E
Offisjele webside
www.autun.com
Kaart
Autun (Frankryk)
Autun
Posysje Autun yn Frankryk
Kaart
Hôtel de Ville
Gemeentekaart

Autunis in stêd yn 'e Frânske regio Boergonje. De stêd leit yn it departemint Saône-et-Loire.

It amfiteäter sa't it er noch yn 1719 stie.

Autun waard yn 'e tiid fan keizer Augustus as Augustodunum ('it fort fan Augustus') stifte. Augustus woe mei Augustuodunum in grutte stêd yn Galje bouwe, dy't tsjûge fan 'e macht fan it Romeinske Ryk. Augustodunum moast de haadstêd foar de Keltyske stamme fan 'e Aedui wurde en de stêd ferfong it âlde oppidum Bibracte as bestjoerlik en kultureel sintrum. Yn 'e Romeinske tiid ûntwikkele Autun him ta in wichtich sintrum mei poarten, stiennen muorren, in Romeinsk teäter en oare grutte monuminten en in soad dêrfan binne hjoed-de-dei noch te sjen. Autun wie ferneamd om syn skoallen (Latyn: Scholæ menianæ) foar retorica en wolsprekkendheid, dêr't studinten út it hiele Romeinske Ryk hinne gyngen. De stêd waard yn 356 n.Kr. belegere troch de Alemannen, mar it belis waard troch troepen fan keizer Julianus brutsen.

Nei de fal fan it Westromeinske Ryk bleau Autun in tsjerklik sintrum. Autun wie al ier in biskopsstêd. Yn 'e 6 en 7e iuw wienen der striid en politike feroaringen. Yn 532 fûn de Slach by Autun plak tusken legers fan 'e Franken en de Boergonjers. De slach waard troch de Franken wûn en dat hie ta gefolch dat de Boergonjers harren selsstannigens ferlearen. De hillige Leodegarius, in wichtige biskop fan Autun, waard yn 'e 7e iuw by ien fan dy politike konflikten fermoarde.

De stêd waard op 22 augustus 725 (of 731) oanfallen, beset en plondere troch in islamitysk leger ûnder oanfiering fan 'e Omajaden-generaal Anbassa ibn Suhaym al-Kalbi. Autun waard swier troffen troch dy ynvaazje en de oerfal hie in grutte ympakt op 'e bewenners.

Yn 888 waard de stêd troch Wytsings oerfallen en op 'e nij plondere. Yn 'e 10e iuw waard Autun de haadstêd fan in greefskip dat ûnder it hartochdom Boergonje foel.

Katedraal.

De bou fan 'e nije Lazaruskatedraal sette om 1120 útein en yn 1132 waard de katedraal ynwijd. Fanwegen it romaanske byldhouwurk soe de katedraal ferneamd wurde. It timpaan fan 'e haadyngong wurdt hjoed-de-dei as in masterwurk fan Boergondyske romaanske keunst wurdearre. De stêd lei boppedat op ien fan 'e wichtige pylgerrûte's, wêrmei't Autun syn religieuze betsjutting fersterke.

Autun yn 1780.

Oan 'e ein fan 'e 18e iuw waard Charles-Maurice de Talleyrand-Périgord ta biskop fan Autun beneamd. Hy spile in foar in geastlike kontroversjele rol yn 'e Frânske Revolúsje. Hy stipe de revolúsjonêre prinsipes en krewearre foar ûnteigening fan tsjerklik eigendom. Paus Pius VI ekskommunisearre de biskop dêrom yn 1791 en om 't er syn posysje as revolúsjonêr wichtiger fûn as syn biskoplike funksje bleau er aktyf yn 'e polityk.

Om 1837 hinne begûn by Autun yn Frankryk de earste kommersjele eksploitaasje fan oalje-skaly, in stiente dat by it ferhitten oalje-eftige stoffen ôfjout. Ynearsten waard dat dien foar lampoalje en ferljochting, letter ek foar oare doelen. De oalje‑skaly wurdt yn it geologyske Perm‑Autun‑bekken oantroffen en de eksploitaasje dêrfan duorre oant 1957. Yn 1852 waard in pear kilometer bûten Autun it uranium-mineraal autunyt ûntdutsen, it mineraal waard nei de stêd Autun ferneamd.

Yn 'e 20e iuw waard Autun op 13 septimber 1944 troch de Amerikanen befrijd fan 'e Dútske besetter. Yn 'e moannen foar de befrijing wie der in soad ferset yn 'e omjouwing fan Autun. De krite om de Morvan hinne wie in wichtich bolwurk fan it Frânske ferset. De Dútsers sloegen hurd werom en ferneatigen doarpen yn 'e omkriten. De slach om 'e befrijing fan Autun fûn op 8 en 9 septimber 1944 plak. De striid wie swier, fral foar de fersetsstriders, dy't likernôch 80 man ferlearen.

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1793182118511876190119261946195419621982
Ynwenners 7.7929.74411.99712.88915.76414.11914.43814.39915.30520.587
Jier199920112021
Ynwenners 16.41914.42613.145

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Lazaruskatedraal is fral ferneamd fanwegen it timpaan mei it Jongste Gerjocht en de byldhoude kapitelen yn 'e tsjerke. De katedraal waard tusken 1120 en 1146 boud. Under kardinaal Rolin waard de hege, flamboyante toer boud. Ek de sydkapellen binne letter tafoege. De twa tuorren by it haadportaal binne 19e-iuwsk.
  • Ut de Gallysk-Romeinske tiid binne twa stedspoarten bewarre. Fierder is der in grut 1e-iuwsk teäter en krekt bûten de stêd de Timpel fan Janus.
  • It Bonaparte-lyseum, dêr't Npaoleon en Lazare Carnot oplaat waarden, is in earder jezuïtekolleezje út de 18e iuw.

It museum hat in rike kolleksje fynsten út Bibracte. Fierder binne der Romeinske, romaanske en goatyske bylden en Frânske en Flaamske skilderkeunst te sjen. Ien fan 'e topstikken is it 12e-iuwske reliëf fan in lizzende Eva mei in appel yn har hân (Tentation d'Ève).

Histoaryske monuminten fan Autun
Romeinske tiid
Midsiuwske tiid
Moderne tiid
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. City Population