Autotron
| Autotron | ||
| It earste gebou yn Drunen, ûntwurpen troch Anton Pieck | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Graafsebaan | |
| koördinaten | 51° 42' N, 5° 25' E | |
| Algemiene gegevens | ||
| type | Kultuerhystoarysk | |
| wurkmêd | auto's | |
| oprjochting | 1972 | |
| oprjochter | Max Lips | |
| oerflak | 14.000 m² binnenterrein 45.000 m² bûtenterrein | |
| opheft | 2003 | |
| Kaart | ||
It Autotron wie in automuseum yn Nederlân. It is begûn mei de kolleksje fan Max Lips, direkteur fan Lips skipsskroeven. Yn 1972 waard it automuseum iepene yn Drunen. It museum dêr krige lanlike bekendheid, ûnder oare fanwege de arsjitektuer fan Anton Pieck. Yn 1987 waard it museum ferpleatst nei Rosmalen.
Yn de kolleksje sieten ûnder oaren de earste fjouwertsjiloandreaune auto boud troch Spyker en de lêste oerbleaune Eysink. It museum waard yn 2003 sletten.
Under de namme Autotron Rosmalen wurd it eardere museum terrein sûnt dy tiid brûkt as beurs- en evenemintelokaasje. De earste lokaasje yn Drunen is sûnt 2018 in kultureel Sintrum.
De kolleksje auto's fan Autotron is oernaam troch it Nationaal Automobiel Museum yn Raamsdonksveer, dat sûnt 2010 ûnderbrocht is yn it Louwman Museum yn De Haach.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
