Australyske swarte strânljip
| Australyske swarte strânljip | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| H. f. fuliginosus | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| 'Haematopus fuliginosus' | ||||||||||||
| Gould, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske swarte strânljip (Haematopus fuliginosus) is in fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) binnen it skift fan 'e wilstereftigen. De soarte komt foar yn Austraalje. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske swarte strânljip is in folslein swarte strânljip fan 42 oant 52 sintimeter lang. De fûgel hat in read each, in oranje eachring en oranjereade snaffel, en rôze poaten. It is de krêftichste fan alle strânljippen, mei in gewicht fan oant krapoan in kilogram. It is ek de soarte wêrby't it grutteferskil tusken de skaaien it grutst is; it wyfke is grutter en swierder en hat in langere, tinnere snaffel. De ûndersoarte ophthalmicus is lytser as de nominaatfoarm en hat in gielere eachring.
Jonge fûgels hawwe griisbrune poaten, in brune punt oan 'e snaffel, in oer it algemien brún fearrekleed en brune eagen. Yn it twadde jier wurde de eagen, poaten en snaffel readeftich.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske swarte strânljip komt foar oan 'e kust en op eilannen yn Austraalje en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- H. f. fuliginosus – súdlik Austraalje (noardlik oant Brisbane) en op Tasmaanje.
- H. f. ophthalmicus – noardlik Austraalje (Shark Bay en Lady Elliot Island).
De ûndersoarte ophthalmicus soe mooglik in eigen soarte wêze kinne en moat mear ûndersocht wurde.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske swarte strânljip libbet op rotsige kusten dêr't er altyd syn iten siket yn 'e tijsône. It dieet ferskilt foar in grut part tusken de skaaien. It wyfke yt sêfter iten dat se hielendal trochslokke kin, lykas fisk, kwabben en ferskate wjirm-eftige wêzens sekpipen (Ascidiacea). It mantsje rjochtet him op moksels, see-ychels, tulbânslakken en de slak Nerita atramentosa.

De fûgel leit twa oant trije aaien yn in rotsspleet of holte, faak op in eilân of in heger lizzend plak dêr't de âlden goed sicht op 'e omjouwing ha.
Status en bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en it oantal fûgels liket ta te nimmen. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De fûgels is lykwols net algemien en de populaasje bestiet út mar 11.500 fûgels, wêrfan 4.000 fan 'e nominaatfoarm en 7.500 fan 'e ophthalmicus. Hy wurdt as algemien beskôge om Tasmaanje en op 'e eilannen yn 'e Bass-strjitte hinne, mar wurdt as seldsum beskôge yn Súd-Austraalje en Queenslân, hast bedrige yn Fiktoaria en sterk bedrige yn Nij-Súd-Wales.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
