Australyske strûkrôt
| Australyske strûkrôt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rattus fuscipes | ||||||||||||
| Waterhouse, 1839 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske strûkrôt of Australyske strewelrôt (wittenskiplike namme: Rattus fuscipes) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is endemysk op it fêstelân fan Austraalje, dêr't it (mei ûnderbrekkings) by de kust lâns foarkomt fan it noardeasten oant it súdwesten. De Australyske strûkrôt is in op 'e grûn libjend nachtdier mei in nomadyske libbenswize en in yn haadsaak herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1839 troch de Ingelske soölooch George Robert Waterhouse. De beskriuwing waard publisearre yn it twadde diel fan 'e rige Zoology of the Voyage of H.M.S. Beagle, dy't ferskynde ûnder redaksje fan Charles Darwin. It bist waard oarspronklik yn it skaai fan 'e echte mûzen (Mus) pleatst, dat doe noch in bredere klassifikaasje besloech as tsjintwurdich. Letter waard it oerpleatst nei de echte rotten (Rattus). It eksimplaar dêr't de beskriuwing op basearre waard, wie fongen yn Little Grove, 6 km besuden de hjoeddeistige stêd Albany yn West-Austraalje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt hat in grut, langrutsen ferspriedingsgebiet, dat de kustline fan it Australyske fêstelân folget. It rint (mei ferskate ûnderbrekkings) fan it súdeastlike diel fan it Kaap-Yorkskiereilân yn it noarden fan Queenslân by de eastkust lâns fia Nij-Súd-Wales en it Australysk Haadstedsk Territoarium nei Fiktoaria oan 'e súdeastkust, en dêrwei fia Súd-Austraalje nei it súdwesten fan West-Austraalje. Foar de kust omfiemet de fersprieding ferskate lytsere eilannen, lykas Kangaroo Island yn Súd-Austraalje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt fariëarret sterk yn grutte en kleur, mar folwoeksen eksimplaren binne yn alle gefallen lytser as de Australyske somprôt (Rattus lutreolus), dy't foar in part in oerlaapjende fersprieding hat. De Australyske strûkrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 10–201/2 sm, mei in sturtlingte fan 10–191/2 sm en in gewicht fan 50–225 g. Der bestiet in beskate mjitte fan seksuele dimorfy by dit bist, yn 'e sin dat de mantsjes grutter binne as de wyfkes. De wyfkes hawwe tsien oerkes, útsein by de ûndersoarte op it Kaap-Yorkskiereilân, dêr't it foarste pear oeren ûntbrekt.
De soallen fan 'e poatsjes binne rôze fan kleur, wylst de soallen fan 'e Australyske somprôt dûnkerbrún binne. De poaten hawwe fiif teannen mei klauwen oan 'e úteinen. De sturt is rôzich brún, foar it meastepart keal en bedutsen mei skobben dy't inoar oerlaapje en dêrtroch in ringde yndruk jouwe. De grutte swarte eagen dominearje it gesicht, en dat ûnderskiedt de Australyske strûkrôt fan 'e Kaap-Yorkrôt (Rattus leucopus), dy't behalven lytsere eagen ek in smellere snút hat.
Krekt as by de lichemsgrutte bestiet der ek by de kleur fan 'e pels gâns fariaasje by de Australyske strûkrôt. Oer it algemien kin lykwols sein wurde dat de boppeste lichemsdielen (nekke en rêch) brunich of grizich brún binne, in kleur dy't op 'e siden wat mear útskaait nei readbrún en op 'e kop nei griis. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poaten) binne ljochtgriis of krêmkleurich.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske strûkrotten jouwe de foarkar oan wetterrike gebieten mei tichte ûndergroei. Se libje sawol yn bosken as dêrbûten, as der mar genôch opgeande fegetaasje ta beskûl is. Yn 'e Australyske Alpen komt de Austalyske strûkrôt ek op gruttere hichten foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt libbet op 'e grûn en graaft in ûndjippe hoale mei in nêstromte dy't beklaaid wurdt mei gers en oare fegetaasje. Hy kin wol klimme, mar folwoeksen eksimplaren dy't yn bosken libje, ferlitte mar komselden de wâldflier. Australyske strûkrotten binne nachtdieren, dy't oerdeis net op 'e lapen komme. Se binne it hiele jier rûn aktyf en hâlde gjin simmer- of wintersliep. Folwoeksen bisten lykje in nomadysk bestean te lieden.
De peartiid begjint foar de Australyske strûkrôt yn of omtrint novimber. Nei in draachtiid fan 22–24 dagen smyt it wyfke yn 'e beskerming fan har hoale in nêst fan ornaris 4–5 jongen. Dy komme keal en helpleas te wrâld, en wurde mei 20–25 dagen ôfwûn. De Australyske strûkrôt hat sa'n koarte libbensferwachting dat de mearderheid fan 'e yndividuën net oan in twadde fuortplantingssyklus takomt.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt is yn haadsaak in herbivoar, dy't simmerdeis benammen fruchten en sieden fret, oanfolle mei lidpoatich dierte. Mar by 't winter is de wichtichste itensboarne foar dit bist in beskate soarte blaugers. Eksimplaren dy't yn boskbiotopen libje, frette winterdeis fral poddestuollen en rizelryk plantaardich materiaal. Der is waarnommen hoe't Australyske strûkrotten nektar opslikje út blommen sûnder dy te skansearjen, wat betsjutte moat dat dizze soarte ek fan belang is as bestower.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Australyske strûkrôt binne ferskate soarten rôffûgels, ûlen en slangen, mar ek de dingo (Canis lupus dingo), de foks (Vulpes vulpes) en de ferwyldere kat (Felis catus). De lêste beide binne yn Austraalje ynvasive eksoaten.
De Australyske strûkrôt is gasthear foar mear yn- en útwindige parasiten as lykfol hokker oar kjifdier yn Austraalje ek.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske strûkrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dit bist hâldt net fan minsklik yngripen yn syn om-en-by, en populaasjes belúnje sadwaande ornaris yn grutte wannear't minsklike aktiviteiten yn in krite oanboazje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 4 (stân fan saken yn 2011) erkende ûndersoarten fan 'e Australyske strûkrôt (Rattus fuscipes):
- de Eastaustralyske strûkrôt (R. f. assimilis) (by de kust lâns fan Rockhampton yn Queenslân oant Timboon yn Fiktoaria, mei in ûnderbrekking yn westlik Fiktoaria)
- de Kaap-Yorkstrûkrôt (R. f. coracius) (oan 'e súdeastkust fan it Kaap-Yorkskiereilân yn it noarden fan Queenslân, fan Cooktown oant Townsville)
- de Súdaustralyske strûkrôt (R. f. greyi) (by de kust lâns yn it suden fan Súd-Austraalje, mei in ûnderbrekking yn 'e midden fan 'e Grutte Australyske Bocht, fierders op Kangaroo Island en yn it uterste westen fan Fiktoaria)
- de Westaustralyske strûkrôt (R. f. fuscipes) (de nominaat, by de kust lâns yn it suden fan West-Austraalje fan 'e Jurienbaai oant de Israelitebaai)
De Kaap-Yorkstrûkrôt waard foarhinne lange tiid as de sustersoarte beskôge fan 'e Kaap-Yorkrôt (Rattus leucopus), dêr't er syn ferspriedingsgebiet en in morfologyske likenis mei dielt. Letter ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it beslist om in ûndersoarte fan 'e Australyske strûkrôt giet.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

