Australyske stikelsturt
| Australyske stikelsturt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerk sijke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Oxyura australis | ||||||||||||
| Gould, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske stikelsturt (Oxyura australis) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske stikelsturt is in lytse ein, wêrfan't sawol it jerkje as it sijke likernôch 40 sm lang is. It jerkje hat in laaigrize snaffel, dy't yn 'e briedtiid fel blau. Yn 'e briedtiid hat it jerkje in kastanjebrún fearrekleed, dat dêrnei donkergriis wurdt. It sijke hâldt it hiele jier troch in swart mei brún fearrekleed. De ein is endemysk foar Austraalje mei in tuskenbeide klimaat en libbet yn grutte groepen yn wiete gebieten en fivers.
It ferspreidingsgebiet leit fan it suden fan Queensland oant Victoria en Tasmaanje en ek yn it westen en súdwesten fan Austraalje. De soarte is selden oan 'e kusten fan New South Wales, útsein yn drûge tiden. De fûgel is it talrykst yn it Murray-Darlingbassin.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels binne omnivoaren en ite njonken planten ek lytse wringeleaze dieren.
Lechsels besteane yn 'e regel út 5 oant 6 aaien. Der binne oanwizings dat guon wyfkes de aaien yn nêsten fan oare wetterfûgels lizze. Nei 26 oant 28 dagen komme de aaien út. Nei in dei ferlitte de piken al it nêst en nei acht wiken binne de piken like grut as de âlders. As se in jier binne, ha se it fearrekleed fan in folwoeksen fûgel.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige. Bedrigingen foar de fûgels foarmje degradaasje fan it biotoop troch yntrodusearre fisken, it weidzjen fan fee en de ferleging fan it wetterpeil. De hiele populaasje waard yn 2021 op basis fan eardere tellingen op likernôch 15.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
