Springe nei ynhâld

Australyske spûkûle

Ut Wikipedy
Australyske spûkûle
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren]] (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftûle-eftigen (Strigiformes)
famyljeûlefûgels (Strigidae)
skaaispûkûlen (Ninox)
soarte
Ninox boobook
Latham, 1801
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     N.b.boobook
     N.b.ocellata
     N.b.halmaturina
     N.b.lurida
     N. fusca (Timorspûkûle)
     N.b.pusilla
     N. plesseni (Alorspûkûle)
     N. rotiensis (Rotispûkûle)
     N.b.moae
     N.b.cinnamomina

De Australyske spûkûle (Ninox boobook) is in lytse ûle yn 'e famylje Strigidae (ûlefûgels) mei in breed ferspriedingsgebiet yn Australaazje.

Australyske spûkûle.

Dizze ûle is 26 oant 36 sm lang en ferskilt fan oare spûkûlen yn syn ferspriedingsgebiet troch syn lytse formaat en in ûnderskiedend gesicht. De fûgel hat in brune gesichtsskiif mei in ljochte râne en de eagen binne grut en gieleftich. Dêrfandinne ek syn bynamme maskerûle. De kleur is brún, mar yn syn tige grutte ferspriedingsgebiet fariabel.

De fûgel is net sinnich wat habitat oanbelanget en komt yn in grut ferskaat fan lânskippen foar: fan reinwâlden oant savannes en plantaazjes, hôvings, parken, tunen en beamrigen oan strjitten. It is de meast foarkommende ûle yn Austraalje. De soarte komt ek foar op 'e Leti-eilannen, súdlik Nij-Guineä en bestiet út sân ûndersoarten:

  • N. b. moae: Moa, Leti-eilannen en Romang (East-Timor).
  • N. b. cinnamomina: Babar (eastlik fan Timor).
  • N. b. pusilla: súdlik Nij-Guineä.
  • N. b. ocellata: Savû (Lytse Sûnda-eilannen) en Austraalje (útsein de eastlike kust).
  • N. b. halmaturina: Kangoeroe-eilân (tichteby súdlik Austraalje).
  • N. b. lurida: noardeastlik Queenslân (noardeast Austraalje).
  • N. b. boobook: eastlik oant súdlik diel fan Sintraal-Austraalje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is nachts aktyf, mar op donkere dagen ek moarns of yn 'e middei. Proaien binne ynsekten en lytse dieren. Guon bisten wurde út de loft fongen, oaren op 'e grûn. Se briede yn beamholtes en it wyfke leit tusken septimber en febrewaris twa oant trije aaien, dy't allinnich troch it wyfke útbret wurde. Beide skaaien fuorje de jonge fûgels.

De populaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as wiidferspraat en gewoan. Hy stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2021). Wol wurdt der toch dat de soarte ôfnimt yn oantallen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: