Australyske reiddomp
| Australyske reiddomp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Botaurus poiciloptilus | ||||||||||||
| Wagler, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske reiddomp (Botaurus poiciloptilus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes). De soarte komt foar yn Austraalje, Nij-Seelân en op Nij-Kaledoanje. It is in seldsume fûgel dy't rap yn oantallen efterút giet en de fûgel stiet op 'e Reade List fan IUCN as kwetsber.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Australyske reiddomp is lykas oare reiddompen in kompakte, dikhalzige middelgrutte reagerfûgel mei in brunige, streke fearrekleed. De lichemslingte is 66 oant 76 sm (it mantsje is folle grutter as it wyfke) en de spanwiidte is 105 oant 118 sm. It fearrekleed ferskilt en der binne ljochtere en donkerdere fûgels, wêrby't de lêsten fan fierrens hast swart lykje, mar der binne ek readeftige fariaasjes mei readbrún op 'e boppekant en kanielbêzje wangen. Ek tuskenfoarmen komme foar. De soarte is oer it generaal donkerder as de by ús bekende reiddomp (Botaurus stellaris), benammen op 'e hals en rêch, mei in ljochtere krún. De snaffel is giel oant bêzjekleurich, mar donkerbrún oant griisswart oan 'e boppekant fan 'e boppeste snaffelhelte. It each is giel oant oranjebrún (dat lêste mooglik yn 'e briedtiid), wylst de poaten griengiel oant donker oliifgrien binne. Juvenilen binne ljochter as folwoeksen fûgels en ha ûnder readbrune streken.
It lûd is ferlykber mei dat fan de gewoane reiddomp: in fierdraachjende, doffe rop dy't benammen jûns en nachts te hearren is. Hy bestiet út in rige koarte, sêfte klanken folge troch in djippe, holle rop.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn súdlik Austraalje (ynklusyf Tasmaanje), yn Nij-Seelân en op Nij-Kaledoanje. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge sizze wol dat der gjin ûndersoarten ûnderskieden wurde. Hy is nau besibbe oan 'e gewoane reiddomp en wurdt somtiden as in ûndersoarte dêrfan beskôge.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Australyske reiddomp wurdt oantroffen yn ûndjippe, wiete gebieten mei swiet of brak wetter en in mingeling fan lege en hege begroeiïng. Hy siket benammen nachts nei iten, lykas fisk, kikkerts, kreeften en wetterynsekten. It wyfke leit meastentiids fjouwer aaien.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as kwetsber. De populaasje is lyts en wurdt rûsd op sa’n 1.000 oant 2.500 folwoeksen eksimplaren, wêrfan 750 oant 1.800 yn Austraalje en likernôch 125 pearkes yn Nij-Seelân. Sawol yn Austraalje as yn Nij-Seelân nimt de soarte sterk yn tal ôf troch it ferlies fan wiete gebieten.
Taksonomy en namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske reiddomp waard yn 1827 as soarte beskreaun troch Johann Georg Wagler. De wittenskiplike soartnamme poiciloptilus komt fan it Grykske poikílos (ποικίλος) = bûnt en ptílon (πτίλον) = fear; it betsjut dus "mei bûnte fearren".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

