Australyske readwjukparkyt
| Australyske readwjukparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aprosmictus erythropterus | ||||||||||||
| Gmelin, 1788 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske readwjukparkyt (Aprosmictus erythropterus) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai readwjukparkiten (Aprosmictus) út 'e famylje pappegaaien fan 'e Alde Wrâld (Psittaculidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Australyske readwjukparkiten wurde trochstrings 32 sm lang. It mantsje is ljochtgrien en hat swarte fearren op 'e mantel, oergeand yn in himelsblauwe kleur op 'e ûnderrêch. De dekfearren fan 'e wjukken binne read, de rest fan 'e wjukken is grien. De boppekant fan 'e sturt is grien mei giele rânen, de ûnderkant donkergriis mei gielwite rânen. De haadkleur fan 'e pop is gieleftich grien en se hat gjin swart op 'e rêch. Oars as it mantsje hat se net in soad read op it skouder. De bopperêch is meast donkergrien en giet op 'e ûnderrêch op blau oer. Mantsje en wyfke ha in readeftige snaffel en grize poaten.
Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar se ha gjin oranje mar in donkere eachring en harren snaffel is hast hielendal giel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske readwjukparkiten komme yn it suden fan Nij-Guineä, it noarden fan West-Austraalje it Noardlik Territoarium, hast hiel Queensland it noarden fan Nij Súd Wales en it meast noardeasten fan Súd-Austraalje foar.
Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden
- Aprosmictus erythropterus coccineopterus (of papua): noardlik Austraalje, súdlik Nij-Guineä.
- Aprosmictus erythropterus erythropterus : it eastlike diel fan Sintraal-Austraalje.
Se ha in foarkar foar iepen eukalyptusbosken en wurde by wetterrinnen en healdrûge gebieten oantroffen. Ek wurde se waarnommen op kultuergrûn, bûten de briedtiid meast yn groepkes fan likernôch 20 fûgels.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se sitte meast yn 'e beammen en binne selden op 'e grûn te sjen. It iten fan 'e soarte bestiet út sied, fruchten, ynsekten, nektar en blêdknoppen.
De fûgel hat it nêst yn in beamholte, dat somtiden in hiel ein ûnder de yngong fan it hol leit. Der wurde trije oant seis aaien lein, dy't yn trije wiken útbret wurde. De fûgel kin 25 oant 30 jier wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske readwjukparkiten binne algemiene fûgels yn harren ferspriedingsgebiet en op guon plakken sels talryk. Dochs wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme troch de ferneatiging fan it biotoop. Der binne gjin rûzings fan 'e oantallen. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
