Springe nei ynhâld

Australyske muskusein

Ut Wikipedy
Australyske muskusein

jerk.

sijke.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaikwabeinen Biziura (Biziura)
soarte
Biziura lobata
Shaw, 1796
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Australyske muskusein (Biziura lobata) of kwabein is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). It is de iennige soarte yn it skaai Australyske muskuseinen (Biziura). Bekend is dat der ek in soarte fan it skaai libbe hat op Nij-Seelân.

De jerk mei syn waaiereftige sturt.

In folwoeksen jerk wurdt tusken 60 en 70 sm lang en hat yn 'e briedtiid in typyske, grutte donkere blibbe of kwabbe ûnder syn swartgrize snaffel. Folwoeksen sijkes binne 47 oant 55 sm en ha gjin blibbe. Jerken en sijkes ha in griisbrún fearrekleed. De fûgel swimt lykas ielguozzen hiel leech yn it wetter en syn poaten steane fier nei efter ûnder de bealch. De piken drage ynearsten in donkerbrún dûnskleed.

Bûten de briedtiid binne der tusken jerken en sijkes gjin grutte ferskillen.

De einen komme relatyf in soad foar yn 'e wettergebieten fan 'e rivieren Murray, Darling en Coopers Creek en yn wiete, fiedselrike gebieten fan Súd-Austraalje, lykas de súdwesthoeke fan West-Austraalje, yn Victoria en Tasmaanje. Se mije de noardliker lizzende drûge dielen fan West- en Noardwest-Austraalje.

Foarhinne waard de soarte as monotypysk behannele, mar hjoed-de-dei wurde der twa ûndersoarten erkend:

  • Biziura lobata lobata – Súdwest-Austraalje, bekend as de eastlike muskusein
  • Biziura lobata menziesi – Súdeast-Austraalje, bekend as de westlike muskusein

De Australyske muskusein komt selden út it wetter en se binne knoffelich op it drûche. Ek fleane se net in soad, sawol it opfleanen as it delkommen giet harren net sa goed ôf. Mar as it nedich is, kinne se wol oer grutte ôfstannen fleane.

Yn it wetter fielt de fûgel him op syn gemak. Under wetter kinne se harren ek goed rêde en se bliuwe somtiden wol in minút ûnder. Se kinne wol 6 m djip dûke en sykje wetterkrobben, swietwetterslakken en skelpdieren of soksawat, oanfolle mei wetterplanten en fiskjes. As se net briede binne se oer it algemien solitêr. Wurde se yn groepen sjoen, dan binne dat faak jonge fûgels. De soarte libbet lang en se briede somtiden noch as se al 20 jier of âlder binne.

It briedseizoen hinget fan 'e rein ôf, mar falt yn 'e regel tusken july en jannewaris. De measte einen briede yn septimber en oktober, de Australyske maitiid.

It mantsje spilet gjin rol by it bouwen fan it nêst en it grutbringen fan 'e jongen. De grutte fan it lechsel is net bekend. Der binne wol ris 10 aaien yn in nêst teld, mar it kin wêze dat oare wyfkes der aaien by lein ha. Nei alle gedachten binne it ornaris trije of fjouwer aaien. It nêst is ienfâldich en leit faak tusken reid of ûnder oer it wetter hingjende strûken. It sijke lûkt nei it bouwen fan it nêst wat reid nei ûnder om it nêst in bytsje ferside te hâlden. As se it nêst ferlit glûpt hja it wetter yn om ûnder te dûken en in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.

De fûgels wurde somtiden troch jagers sketten, mar se smite net in soad jild op om 't it fleis net echt wurdearre wurdt. It drûchlizzen fan wiete gebieten en it ferleegjen fan it wetterpeil ha yn it ferline de oantallen negatyf beynfloede, lykas ek it fersâltsjen fan Australyske wettersystemen. De soarte wurdt lykwols troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.

Yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e soarte kin de fûgel betize wurde mei de aapein (dy't like grut is en deselde kleuren hat).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Musk duck