Springe nei ynhâld

Australyske muskaatdo

Ut Wikipedy
Australyske muskaatdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaimuskaatdowen (Ducula)
soarte
Ducula spilorrhoa
Gray, 1858
IUCN-status: net bedrige

De Australyske muskaatdo (Ducula spilorrhoa) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).

De Australyske muskaatdo is in grutte do en foar it grutste part sniewyt mei oan 'e wjukken swarte slachpinnen en in swarte sturtpunt.

De fûgel komt op 'e Arû-eilannen, Nij-Guineä en oanbuorjende eilannen en yn it noarden en noardeasten fan Austraalje foar. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne. Guon behannelje lykwols de krêmkleurige muskaatdo (D. subflavescens) as in ûndersoarte fan 'e Australyske muskaatdo.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de soarte stadichoan yn oantallen ôfnimt. De IUCN hat de soarte as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre (LC, 2016).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: